V-wapens: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
st
L sjitte-skeat-sketten
Rigel 7:
De [[V1 (wapen)|V1]] wie in ûnbemanne fleantúchje fan sa’n 8 meter lang, dat mei in kattepûlynstallaasje de loft ynbrocht waard. De motor wie in pulsearjende strielmotor, dy’t op benzine rûn. At in yn it foar ynstelde ôfstân ôflein wie (maksimaal 300km) gie de motor út en dûkte it tastel nei de grûn en eksplodearre. Fan juny 1944 ôf waarden sa’n 8000 V1’s lansearre, benammen mei [[Londen]] as doel, wêrfan sa'n 2400 harren bestimming berikten. Ek op [[Antwerpen (stêd)|Antwerpen]] waarden V1's rjochte.
 
De [[V2 (raket)|V2]] wie in raket fan ± 14 meter lingte. De motor wurke op floeibere soerstof en alkohol. Nei de lansearring folge it wapen in ballistyske baan. Fan septimber 1944 ôf waarden goed 3000 V2's ôfsjittenôfsketten nei doelen yn [[Ingelân]] en [[Belgje]]. Mear as de helte is op of tichtby it doel delkomd. Ut de V2 kaam de [[Wasserfall]]-raket fuort, dy't ek wolris oantsjutten waard as V3, mar dy't dy namme nea offisjeel krigen hat. Yn 1944/45 wie der ek in in V2-rakettebasis yn [[Gaasterlân (krite)|Gaasterlân]] fêstige.
 
De [[V3 (kanon)|V3]] wie in hegedrukkanon, mei in loop fan likernôch 120 meter, dat mei hege faasje mânske projektilen oer in ôfstân oant 90 km sjitte moatte kinne soe. In kompleks mei fiif fan de kanonnen waard boud yn [[Mimoyecques]] yn Frankryk. Dy wienen op [[Londen]] rjochte, mar de batterij waard nea operasjoneel.