Stokersdobbe: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
foto der by
[[]]
Rigel 1:
[[Ofbyld:IFG Stokersdobbe ddk.jpg|thumb|''Stokersdobbe'']]
De '''Stokersdobbe''' is in [[natoergebiet]]sje oan de Merskenwei by [[Oerterp]]. It is in [[pingoruïne]] fan 5,4 [[hektare]] dat beheard wurdt troch [[It Fryske Gea]].
 
Dizze âlde pingoruïne is hast hielendal tichtgroeid mei reid en wylgebosk. Efter de pingo leit in lange beamwâl mei ikebeammen. Dat de dobbe yn in kom leit mei in brede ringwâl der om hinne wiist der op dat it in oerbliuwsel út de iistiid is. De Stokersdobbe is in ferlâne gat fan sa’n seis meter djip. Troch de grutte wylgen is it wetter hast net te sjen, mar sjocht der út as in âld oerbosk mei galjes, swarte bei en [[wetterpinksterblom]]. Oan de râne fan de dobbe groeie in soad sompeplanten as [[wylde balsem]], [[moerasslyt]] en [[blaulipke]] en yn de beamwâl groeit [[twiblêd]]. Hjir briede ûnder oare [[reidgoars]], [[reidmies]] en [[hagekrûper]].