Content deleted Content added
L in paar ferbetterings (hoop ik)
L hm
Rigel 5:
 
[[Ofbyld:Steinbachselfref.jpg|left|thumb|Dit bin ik. It doarpke [[Steinbach]] leit yn'e [[Belgje|Belgske]] [[provinsje]] [[Lúksemboarch (provinsje)|Lúksemboarch]]. [[Meidogger:Cicero|Cicero]] hat de foto foar my makke.]]
Wêrom doch ik dan uberhaupt mei oan de Fryske Wikipedy? Ik bin om te begjinnen in echte talenfreak, soe dat troch myn Babelberjocht noch net dúdlik wêze. En frjemde talen, die wurde net allinich yn it butenlân sprutsen, mar ek njonken de deur. En dat moatte wy noch lang we sa hâlde. Fierders fyn ik it wichtich dat de Wikipedyen yn de lytsere talen fan'e grûn komme. Ik wol dus tige graach wat foar de Fryske wiki dwaan, al is it mar it tafoegjen fan ynterwiki's, it wikifisearjen, it oanmeitsjen fan noch net besteande kategoryen, it útsluten fan fandalen etsetera.
 
Mar boppedat is it moai en aardich om op in noch-net-sa-grutte Wikipedy dwaande te wêzen. Wa't oan de Nederlanske of sels de Ingelske Wikipedy meiskriut en dêr ek in bytsje it oerlis folget, wit dat it dêr in echt slachtfjild is. <u>Hjir op de Fryske Wikipedy binne rúzjes noch seldsaam, en dat moatte wy noch lang sa hâlde!</u> Sa bliuwt de Fryske Wikipedy in goed alternatyf foar de Fries dy't oan nl: meiskriuwt en dêr de rúsjes moed wurdt (ik wit út eigen Limboarchske ûnderfining dat dat helpt).