Anke Bijlsma: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
st
L kat. derby
Rigel 1:
'''Anke Bijlsma''' ( [[Brantgum]], [[8 maart]] [[1971]] ) is in aktrise. Se wennet mei har man [[Gerrit Breteler]] yn [[Nes (Dongeradiel)|Nes]] yn de meente [[Dongeradiel]].
 
Se wie ûnderwizeresse mar joech ek aerobics en dûns.
Sûnt 2002 spilet se yn ferskate foarstellings. 'Moortje', in oersetting en bewurking fan Bredero's 'Moortje'. Fierders spile se yn 'Lier fan 't Tricht', skreaun troch Gerrit Breteler.
Doe't Tryater har 40-jierrich jublieum hie, waard it 'It Dreamlabfûns' oprjochte. Dit fûns wol benammen jonge akteurs en teatermakkers om Tryater hinne in kâns jaan. Sa spile Anke tegearre mei Marijke Geertsma yn it stik ''Oer Him''.
Mei Gerrit Haaksma spile se yn "Katarsis", in kroechteaterstik wat mear as 170 foarstelings yn Fryslân hân hat. Se regisearre de beide ienakters ''Katarsis II'' - ''De Bedimmer'' dy't troch Gerrit Breteler skreaun binne. Fan him regisearre se ek it teatrale requiem ''Oer de seedyk'', in oade oan de bewenners fan it fiskersdoarp Paesens-Moddergat nei oanlieding fan de Ramp.<br>
Anke Bijlsma is foarsitter fan teatergroep 'Achmea Culpa'.
Fanút it bedriuw 'Grut Winia' wat se tegearre mei Gerrit Breteler liedet, ûntwikkelt se alle keunstutingen omtrint skilderijen, teater en dûns.
Line 12 ⟶ 13:
 
 
[[Kategory:TeaterFrysk akteur|Bijlsma]]
[[Kategory:Teater|Bijlsma]]