Dúntsjerk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
letter mear skiednis
letter mear skiednis
Rigel 38:
 
Yn de [[Tachtichjierrige Oarloch]] hiene de [[Dúntsjerker kapers]] de stêd as útfalsbasis. [[Johan fan Oldenbarnevelt]], [[riedspensjonaris]] fan [[Greefskip Hollân|Hollân]], woe harren fuorthawwe om't sy de hannel fan de [[Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen]] slim behinderen, mar in fjildtocht fan [[Maurits fan Oranje]] tsjint de kapers rûn út op de [[Slach by Nijpoart]]. De prins fûn fierder oplûken nei Dúntsjerk dêrnei te gefaarlik en luts him tebek sadat de kapers foarearst har gong gean bliuwe koenen.
 
Begjin [[Twadde Wrâldkriich]], yn [[1940]], waard de stêd ferneamd troch de [[Slach om Dúntsjerk (1940)|evakuaasje]] fan it [[Britske ekspedysjeleger]] dat op de rin wie foar de Dútsers. Dy flecht makke dúdlik dat it leger ferbettere wurde moast. De kaam dêrnei in goede oplieding fan ofsieren en soldaten en in wichtige ferbettering fan oarlochsmateriaal. Dat hat sines dien foar de striid fan it [[Feriene Keninkryk]] tsjen [[Nazi-Dútslân]]. Nei de ynvaazje yn Normandje yn 1944 waard Dútsjerk net befrijd. Dútske troepen hâlden de stêd beset oant de algemiene oerjefte op [[8 maaie]] [[1945]]. De festing waard út [[IJmuiden]] wei oant maaie 1945 befoarriede troch Dútske ûnderseeërs (type [[Seehund]]).
 
== Ferkear en ferfier ==