Thom van der Goot: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
datum
L [[]]
Rigel 1:
'''Thom van der Goot''',, ( [[Amsterdam]], [[26 july]] [[1946]] ), wie dosint, teaterdirekteur en regisseur.
 
Thom is de soan fan in Rynfeartkapiteit en krige syn oplieding by de fransiskaner mûntsen. Nei in oplieding as dosint Drama kaam Van der Goot yn [[1976]] nei it Noarden. Hy waard konsulint foar it amateurtoaniel yn Fryslân en fan [[1980]] - [[1985]] artistyk en algemien direkteur fan it toanielselskip [[Tryater]]. Yn 1986 waard hy direkteur fan teater [[De Lawei (teater)|De Lawei]] yn Drachten. Van der Goot gie ein 1998 út Drachten wei nei Grins mei de opdracht om De Oosterpoort en [[Stedsskouburch (Grins)|Stedsskouboarch]] yn ien wurkmaatskippij ûnder te bringen. Yn de VUT advisearre hy de bou fan it Kultuerhûs fan Oldambt.
 
It funksjonearjen fan van Van der Goot wie net ûnomstriden. Van der Goot makke him sterk foar in ‘omkearde merkekonomy’. ''Keunst begjint by de keunstner en net by de winsken fan de massa. It giet derom de artistike talinten sjen te litten, en dêr safolle mooglik, mar benammen it júste publyk by te 'finen'.''. Fan amtnerij moast er dan ek neat ha en syn oanfarring mei keunstneresse Irene Verbeek kaam yn it nijs.