Alyt Damstra: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
red
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
gymnasium
Rigel 1:
'''Alyt Damstra''', ( [[Drachten]], [[2 desimber]] [[1983]] ), is in Frysk aktrise.
 
Gie nei it gymnasium yn Drachten. Studearre yn [[2006]] ôf oan de Akteursoplieding yn [[Utert (stêd)|Utert]]. Wie al yn har opliedingstiid te sjen yn foarstellings fan [[Tryater]] en de ''Paardenkathedraal''. Foar har rol yn de eineksamenfoarstelling ''Fam.'' ûnder regy fan Titus Tiel Groenesteege waard se nominearre foar de Kemn-a-ward.
 
Alyt spile dêrnei rollen yn ferskate produksjes as ''Polaroid'' en ''Drie zusters'' by Tryater, ''Arsenicum en oude kant'' by it Thrillertheater en ''Vrijdans'' by it Nieuw Utrechts Toneel. De foarstelling ''Eintsje Libben'' dêr't se mei [[Jan Arendz]] en [[Rients Gratama]] yn spile waard nominearre foar de Toanielpublykspriis. Fierders die se mei oan de Studio by it Onafhankelijk Toneel en wie se te sjen yn ''Midzomernachtsdroom'', in produksje fan de Toneelschuur yn Haarlim foar Oerol 2009.