Willie Polanco: ferskil tusken ferzjes

L
gjin bewurkingsgearfetting
(update 2011)
LNo edit summary
[[Ofbyld:williampolanco03-01-2007.png|thumb|right|''Polanco by syn besite oan Fryslân yn 2007'']]'''Willie (William) Polanco''' is in [[muorrekeatsen|muorrekeatser]] yn de 1-muorre fariant út [[Brooklyn]], [[New York City|New York]]. Polanco sloech in [[septimber]] [[2006]] in dûbelslach op it WK yn it [[Kanada|Kanadeeske]] [[Edmonton]], troch dêr sawol yn it inkel- as it dûbelspul de titel te pakken. Yn 2009 wie hy op'e nij suksesfol: Op it wrâldkamipoenskip yn Portland wûn hy yn it dûbelspul de titel mei sawol de lytse as de grutte bal.
 
Yn 2003 helle hy syn earste wrâldtitel yn it dûbelspul yn it [[Ierlân|Ierske]] [[Kilkenny City]]. Hy wie dêr heale finalist yn it inkelspul.
 
Ek op de Amerikaanske kampioenskippen hat Polanco yn it dûbelspul, tegearre mei Yuber "PeeWee" Castro al de nedige súksessen helle: Nasjonaal kampioen yn [[2004]], [[2008]], [[2009]] en [[2010]], ferliezend finalist yn 2006, 2007 en 2011 en heale finalist yn [[2005]].
Yn it inkelspulinkeldspul hellefan hy2008 ynhelle 2008hy de heale finale en wie hy yn [[2010]] ferliezend finalist.
 
Op 3 jannewaris 2007 wie Polanco as earste Amerikaanske keatser te gast yn Fryslân, wêrby hy yn sportsintrum De Trije yn Frjentsjer in tal yndrukwekkende demonstraasjewedstriden spile tsjin Fryske keatsers. Sûnt dy tiid hat William Polanco him ûntpopt as in ynternasjonaal promotor fan syn sport. Hy hat dêrby ûnder oaren [[Ingelân]], [[Ekwador]], [[Itaalje]], [[Belgje]], [[Frankryk]] en [[Spanje]] oandien.