De Havilland Mosquito: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
yw
sjoch ek
Rigel 5:
Doe't de Mosquito yn 1941 yn produksje gie, wie it ien fan de fluchste operasjonele fleanmasines fan de wrâld.<ref name="Bowman 2005, p. 21.">Bowman 2005, p. 21.</ref> Yn 1942 waard it op grutte skaal operasjoneel, yn it earstoan as fotoferkenner, in rol dy't it de hiele kriich troch ek hâlde soe. Fan mids-1942 oant mids-1943 waarden Mosquito's brûkt foar oanfallen op lege en middelbere hichten op fabriken, spoarwegen en oare frijwat lytse doelen yn Dútslân en yn troch de Dútsers besette gebieten. Sûnt neijier 1943 waarden Mosquitobommesmiterienheden foarme foar de ''Light Night Strike Force'' in ienheid fan ''pathfinders'' dy't foar [[RAF Bomber Command]] syn swiere bommesmiters doelen opsochten en markearren. Somtiids fleagen sy spesjale missys mei [[Blockbuster (bom)|1.812 kg "Cookies"]], bliksemaksjes op grutte hichte dêr't de Dútske jagers machteleas foar oer stienen.
 
Fanôf mids-1942 waard Mosquito as nachtjager ynset tsjin oanfallen fan de ''[[Luftwaffe]]'' op it [[Feriene Keninkryk]], sa as yn gefal fan it Dútskeloftoffensyf, ''[[Operaasje Steinbock]]'', yn 1944. Yn dy rol waarden letter ek Dútske fleanfjilden oanfallen en waarden de swiere RAF-bommewerpers eskortearre, sadat lang sa folle fleantugen net mear ferlern giene yn 1944 en 1945.<ref name="Has240">Hastings 1979, p. 240.</ref> As jachbommewerper fan de ''Second Tactical Air Force'' die de Mosquito mei oan "special raids", sa as de [[Operaasje Jericho|oanfal op de finzenis fan Amiens]] ier 1944 en yn oare presysjeoanfallen op in [[Gestapo]]gebou yn [[Oslo]] of Dútske ynljochtinge- en feilichheidstsjinsten. 2 TAF Mosquitos spilen in wichtige taktyske rol by it steunen fan it Britske leger yn de [[D-Day|kampanje yn Normandje]] (1944). Fan 1943 of waarden Mosquitos ek troch [[RAF Coastal Command]] ynset foar it oanfallen fan ''Kriegsmarine''-[[Underseeërs|U-Boaten]] (benammen yn 1943 by on offensyf yn de [[Golf fan Biskaje]], doe't ferskate ûnderseeërs ferneatige as skansearre waarden) en foar it ûnderskeppen fan transportskippen. Teffens wienen se súksefol by it bestriden fan [[V-1 (raket)|V-1]]'s (Sjoch [[V-wapens]]).
 
De ''Royal Air Force'' (RAF) en in protte oare loftmachten brukten it tastellen op de Europeeske slachfjilden, in Itaalje en it Middellânsk seegebiet, Heine Easten en Noard-Afrika. De RAF brûkte de Mosquito ek yn Sina, Burma, Yndia, en de Royal Australian Air Force (RAAF) mei bases op [[Maluku-eilannen]] en [[Borneo]] fjochte mei de Mosquito yn de Pasifyk.