Ferskil tusken ferzjes fan "Kimswert"

2 bytes grutter ,  9 jier lyn
It romaanske dowestiennen skip is noch fan de [[11e ieu]]. It koar waard der yn de twadde helte fan de [[13e ieu]] by boud. Boppe de yngong fan de noardkant sit in yn reade sânstien útfierde [[timpaan]] (12e ieu of 13e ieu), makke fan in sarkofaachdeksel en fersierd mei in manljuskop mei útrinnersmotyf.
De tsjerke hat letter ferskate feroarings ûndergien, lykas de beklamping fan de súdgevel. De dowestiennen toer ferriisde yn de [[12e ieu]] en waard yn 1516 yn bakstien ferhege.
Yn de toer hinget in troch [[Geert van Wou]] jittengetten klok (1515).
It interieur wurdt dektdutsen troch in houten tonferwulft.
Ynterieur en ynventaris binne yn 1695 yn opdracht fan [[Tjaerd van Aylva]] yn let-maniëristyske styl fernijd. Hjirby hearre de betimmerings, de koarôfskieding, de preekstoel mei sniene bibelske tafrielen tusken tordearre kolommen, it doopstek, de tsjerkebanken mei snienen wangstikken en in ferdekte hearebank mei de wapens fan de famyljes Tijara en Heemstra.
Fierders hat de tsjerke in troch Jacob Lous byldhoude sark (1614) op it grêf fan de famylje Heemstra en in troch W. Hardorff boud oargel (1858).
182

bewurkings