Konstantyn de Grutte: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
No edit summary
Rigel 2:
'''Flavius Valerius Constantinus''' (Naissus, hjoeddeiske namme [[Niš]] ([[Servje]]), [[27 febrewaris]] [[272]]? - [[22 maaie]] [[337]]), better bekend as '''Konstantyn de Grutte''', wie in [[List fan Romeinske keizers|Romeinske keizer]]. Hy neamde himsels fan july [[306]] ôf keizer, mar waard earst yn [[308]] as keizer erkend.
 
Konstantyn is fral bekend wurden as de earste Romeinske keizer dy't him útsprutsen hawwe soe foar it [[Kristendom]], want troch it ûndertekenjen fan it [[edikt fan Milaan]] makke hy foar altyd in ein oan de [[Kristenferfolgingen]] yn it Romeinske Ryk. Syn grutste died wie de stifting fan in nije haadstêd foar it ryk, op it plak fan de eardere Grykske stêd [[Konstantinopel|Byzantium]], dy't hy de namme "Nova Roma" (Nij Rome) joech. De stêd krige letter de namme [[Konstantinopel]], weromgripend nei en ôflaat fan de namme fan syn stifter.
 
It taheaksel ''"De Grutte"'' efter syn namme waard him jûn foar syn grutte bydragen oan it Kristendom.