Sikke Doele: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L kat. derby
red. en sa, net dien
Rigel 2:
 
== Libben ==
Sikke Doele waard op 1 febrewaris 1942 berne yn [[It Hearrenfean (plak)|It Hearrenfean]]. DeSikke syn heit fan Sikke wie [[Halbe Doele]], ien fan de oprjochters fan it tydskrift [[De Stiennen Man]] en fan de [[folkshegeskoalle]] ''Skylgeralân'' op [[Skylge]], dêr't hy tagelyk de earste direkteur waard. Sikke Doele groeidewaard opgrut op ditit eilân, dat yn syn literêre wurk in grutte rol spylje soe. Nei de [[HBS]] yn [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]] studeardestudearre hy oan de [[Rietveldakademy]] yn [[Amsterdam]]. Yn 1966 waard hy keunstkritikus by de Ljouwerter Krante, dy 't mei op syn inisjatyfynisjatyf in keunstredaksje krige en in keunstbylage by de krante opnom. Hy soe sa'n tritich jier oan de LC ferbûn bliuwe. Yn dy tiid boude hy de reputaasje op fan in deeglik ûnderleine en skerpsinnige waarnimmer, mei each foar details, dy't suver altyd myld fan toan wie, mar dy't de inkele kearen dat hy soks nedich achte ek tige fûl wêze koe.
 
Sikke Doele ferstoar op 29 juny 2002 opmei 60-jierrige leeftydjier yn [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]]. Hy kaam te hôf op yn it Skylger doarp [[Hoarn (Skylge)|Hoarn]].
 
== Wurk ==
Doeles earste ferhaal dat publisearre waard wie ''In frou mei in blau kofferke'', dat yn 1965 ferskynde yn in spesjaal jongereinnûmer fan it literêre tydskrift [[De Tsjerne (tydskrift)|De Tsjerne]]. Yn datseldedat jier waarden twa Nederlânsktalige gedichten fan him opnommen yn it tydskrift ''[[Podium (tydschrift)|Podium]]''. Yn 1971 krige hy foar syn Fryske gedicht ''High priest & first monk'' in [[Rely Jorritsmapriis]]. Fiif jier letter waard yn [[De Strikel]] it fers ''Houliksreis'' publisearre. Yn 1976 ferskynde syn earste dichtbondel, ''It swiet geniet''. Dêrnei like syn literêre ynspiraasje opdroege te wêzen, oant yn 1999 de ferhalebondel ''De gouden teeman'' útkaam, dy 't troch resensinten goed ûntfongen waard. Dêrnei folgen de koarte roman ''De messeslikker'' (2001) en de ferhalebondel ''It apparaat'' (2002). Postúm ferskynde yn 2003 de gedichtenbondel ''Longereilân''.
 
== Tema's en styl ==
In wichtich tema yn it wurk fan Doele binne de jierren fyftich en sechtich fan de [[20e ieu]], dêr't hy de sfear mei in bytsje middelen effektyf op te roppen wit. It opgroeien yn in húshâlding dêr't Fries-wêzen in grutte rol spile en it ferliezen fan de berneûnskuld komme oan bod yn ''It apparaat'', mei in iepenheid dy't yn de Fryske literatuer opmerklik neamd wurde mei. Yn Doele syn proaza én yn syn fersen komt Skylge faak werom. Syn roman ''De messeslikker'' spilet him ôf yn in simmerfakânsje yn de jierren sechtich op dat eilân. Doeles gedichtebondel ''Longereilân'' is wol as in ''"poëtyske leafdesbetsjûging"'' oan Skylge omskreaun.
 
Doele schreau yn in losse en flotte styl, mei in mylde humor. Oer ''It apparaat'' skreau [[Elske Schotanus]] yn 2003 yn in resinsje: ''"Foar alle dielnimmers oan skriuwkursussen soenen dizze ferhalen ferplicht wurde kinne op de literatuerlist: gewoane en werkenbere foarfallen wit Doele om te smeien ta hechte en helder konstruearre ferhalen, noflik om te lêzen en fan te genietsjen"''.