Olympyske Simmerspullen 1928: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 71:
[[Ofbyld:Olympic flame 2948453741 6157bd565e o.jpg|thumb|right|200px|Foar it earst yn de skiednis wurdt de olympyske flamme oanstutsen.]]
 
De iepeningsseremoanje fan de Olympyske Spullen fan 1928 hie plak op [[28 july]] fan dat jier yn it Olympysk Stadion yn Amsterdam. Dy seremoanje hie in stik as wat nijsgjirrichheden yn fergelyk mei de eardere edysjes fan de Spullen. Sa waard by dizze Olympyske Spullen foar it earst de olympyske flamme oanstutsen, boppe op de Maratontoer fan it Olympysk Stadion.<ref>[http://www.olympic.org/en/content/Olympic-Games/All-Past-Olympic-Games/Summer/Amsterdam-1928-summer-olympics/ Amsterdam 1928 Summer Olympics], offisjele hiemside fan it Ynternasjonaal Olympysk Komitee (sjoen op 4 novimber 2010)</ref> De flamme waard lykwols net oanstutsen troch in ferneamde sporter, sa’t hjoed de dei gewoan is, mar troch in meiwurker fan it gasbedriuw.<ref>[http://www.sportgeschiedenis.nl/2009/10/17/stadsarchief-amsterdam-en-de-olympische-spelen-van-1928.aspx Stadsarchief Amsterdam en de Olympische Spelen van 1928], Sportgeschiedenis.nl (sjoen op 4 novimber 2010)</ref> De estafette dy’t hjoed de dei mei de olympyske flamme plak hat bestie doe noch net, dy waard pas foar de earste kear rûn by de Olympyske Spullen fan 1936 yn Dútslân. Dêrnjonken fierde Grikelân, it lân dêr’t de widze fan de Spullen stiet, foar it earst de lanneparade oan by de seremoanje. De parade waard ôfsletten troch it gastlân, in tradysje dy’t ek hjoed de dei noch stânhâld.<ref>[http://www.olympic.org/en/content/Olympic-Games/All-Past-Olympic-Games/Summer/Amsterdam-1928-summer-olympics/ Amsterdam 1928 Summer Olympics], offisjele hiemside fan it Ynternasjonaal Olympysk Komitee (sjoen op 4 novimber 2010)</ref>
 
[[Ofbyld:Bundesarchiv Bild 102-06301, Amsterdam, Eröffnung der Sommerolympiade.jpg|thumb|left|200px|Yntocht fan de Dútske sporters fan de Spullen by de iepeningsseremoanje.]]
Rigel 79:
Neffens it protokol fan de Olympyske Spullen moat de iepeningsseremoanje ôfnaam wurde troch it steatshaad.<ref>[http://www.la84foundation.org/6oic/OfficialReports/1928/1928.pdf The Ninth Olympiad – Amsterdam 1928: Official report], side 294 (sjoen op 4 novimber 2010)</ref> Ynstee fan harren sels naam [[Hendrik van Mecklenburg-Schwerin|Prins Hendrik]], de man fan Keninginne Wilhelmina, út namme fan de keninginne de seremoanje ôf. De keninginne wie wol by de slutingsseremoanje oanwêzich.
 
De iepeningsseremoanje sels bestie njonken it oantstekkenoanstekken fan de olympyske flamme en de lanneparade út it optreden fan in gearwurking tusken ferskate koaren út [[Haarlim]], [[De Haach]], [[Amsterdam]], [[Rotterdam]], [[Breda]], [[Maastricht]] en [[De Bosk]] (dy’t ûnder oare it folksliet fan Nederlân hearde litten), in taspraak fan Dr. J. Th. De Visser (earder Minister fan Underwiis, Keunst en Wittenskip) en in taspraak fan baron Schimmelpenninck van der Oye (foarsitter fan it Nederlânsk Olympysk Komitee). Nei de taspraak fan Schimmelpenninck krige Prins Hendrik it wurd, wêrnei hy de Spullen offisjeel iepene.<ref>[http://www.la84foundation.org/6oic/OfficialReports/1928/1928.pdf The Ninth Olympiad – Amsterdam 1928: Official report], side 307 (sjoen op 4 novimber 2010)</ref> Dêrop waard de [[olympyske flagge]] hiest en waard de [[olympyske eedûnthjit]] ôflein troch Henri Dénis, in Nederlânsk fuotballer.<ref>[http://olympic-museum.de/oath/theoath.htm The Olympic Oath], Olympic-museum.de (sjoen op 5 novimber 2010)</ref>
 
== Slutingsseremoanje ==