Ostfriesische Landschaft: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Rigel 11:
It is in selsstannige bestjoerlike ienheid wêrfan de opbou en status yn kêst 72 fan de dielsteatwet fan Leechsaksen ferankere is. De Eastfryske Lânskip hat in eigen 'lânskipsgrûnwet' dêr't de taken en wurkwize yn beskreaun stean. De grûnwet makket ek de skieding mei de hegere en legere bestjoerlike lagen dúdlik, dy binne der inkeld om stipe te jaan en de autonome status fêst te hâlden en feilich te stellen.
 
As bestjoerlik elemint is de Eastfryske Lânskip ferantwurdlik foar kulturele, wittenskiplike en ûnderwiiskundige saken. It is in ''Höherer Kommunalverband'', de heechste bestjoerlike laach op regionaal nivo (winliken alles ûnder dielsteatnivo). De twadde laach binne de bestjoerlike distrikten (''Kreis'') Lier, Auwerk, Emden en Wittmund, de gemeenten (''Gemeinde'') dy't ûnder dy distrikten falle foarmje de leechste bestjoerlike laach. De lânskipsried beslacht 49 leden en wurdt demokratysk keazen troch de folksfertsjintwurdigers fan de fjouwer Eastfryske distrikten.
 
==Keppeling om utens==