Jean Giraud: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
L red.
Rigel 5:
 
Giraud waard grut brocht by syn pake en beppe yn [[Fontenay-sous-Bois]] fan syn tredde neidat syn âlders fan elkoar skieden wiene. Op de leeftyd fan 12- à 13-jier wie der al bot dwaande mei it tekenjen fan cowboys en yndianen en mei syn 15e ferkocht er syn earste tekentelsje oan [[Marijac]].
Yn [[1956]] publisearre hy foar it earst en fan 1963 oant wie hy meiwurker fan ''Hari Kiri'', in satirysk tydskrift dat alle moannen útjûn waard. Dat die er ûnder it [[pseudoniempseudonym]] '''Mœbius'''. Yn 1963 sette hy ek útein gear te wurkjen mei skriuwer [[Jean-Michel Charlier]] en ûntstie de striprige ‘Blueberry’ (dat ynearsten ‘Fort Navajo’ hite). Dêrmei hat de stripwrâld in westernrige krigen dat oant distiid syn likens net kind. De strip - yn it begjin basearre op de spaghettiwesterns fan [[Sergio Leone]] - ûntwikkele him fan in klassike western ta in rau en realistysk aksjedrame.
- ûntwikkele fan in klassike western ta in rau en realistysk aksjedrame.
 
Yn [[1974]] wie hy ien fan de oprjochters fan de útjouwerij [[Les Humanoïdes Associés]].
 
As Giraud makke hy net-eksperiminteel wurk, wylst er ûnder de namme Moebius de swetten fan it medium opsocht. As Moebius hat er in protte mei de skriuwer [[Alejandro Jodorowsky]] (Jodo) gearwurke. In soad fan syn Moebius-strips binne psychedelisysk, [[sciencefiction]] of maatskippijkritysk. Grafysk falt dy strip op troch de eksorbitante ôfbyldingen en dekors. Fral troch syn grafysk wurk waard hy nei de Incal-rige in soad frege om filmdekoars te ûntwerpen. Sa hat er meiwurke oan films as ''[[Alien (film)|Alien]]'', ''[[Tron (film)|Tron]]'', ''[[Willow (film)|Willow]]'', ''[[The Abyss (film)|The Abyss]]'' en ''[[The Fifth Element]]''.