Ferskil tusken ferzjes fan "Bagdad"

1.388 bytes grutter ,  9 jier lyn
gjin bewurkingsgearfetting
(oanfollinkje)
{{Universele ynfoboks stêd
| namme = Bagdad
| ôfbylding = BaghdadCI2011.png
| ôfbyldingsbreedte = 270px
| ôfbyldingstekst =
| ynwennertal = 5.505.003 <small>(2012)</small><ref>[http://bevoelkerungsstatistik.de/wg.php?x=1200617145&men=gpro&lng=de&dat=80&geo=-105&srt=npan&col=aohdq&msz=1500&pt=c&va=&geo=444010444 World Gazetteer: Ynwennertal stêd]</ref>
| oerflak = 204,2 km&sup2;
| befolkingstichtens =
| stêdekloft =
| hichte = 34-40 m. boppe seenivo
| lân = [[Ofbyld:flag of Iraq.svg|20px]] [[Irak]]
| bestjoerlike ienheid 1 = Provinsje
| namme bestjoerlike ienheid 1= Bagdad
| bestjoerlike ienheid 2 =
| namme bestjoerlike ienheid 2=
| boargemaster =
| stêdsyndieling =
| stifting = 762 f.Kr.
| postkoade = 10001 - 10090
| tiidsône = [[UTC]] +3
| simmertiid =
| koördinaten =
| webside =
}}
[[Ofbyld:Haifa street, as seen from the medical city hospital across the tigres.jpg|thumb|right|Haifastrjitte, sjoen fan de oare ouwer fan de Tigris]]
'''Bagdad''' is de haadstêd fan [[Irak]] en fan de provinsje (gûvernemint Bagdad). De stêd leit oan de [[Tigris]] en telt sawat 5 miljoen ynwenners. Nei [[Kairo]] is Bagdad twadgrutste stêd fan it [[Heine Easten]].
 
== Geografy ==
 
== Skiednis ==
 
Bagdad waard yn [[762]] stifte ûnder de namme ''Madinat as Salam''', wat ynhâldt de ''Stêd fan de Frede''. De stêd wie mei tuskenskoften de [[haadstêd]] fan it [[kalifaat]] fan de [[Abbasiden]]. De namme ''Bagdad'' hearde feitlik by in doarpke ticht yn de buert, dêr't de namme fan oergong op de tichteby lizzende stêd. De namme Bagdad komt út it [[Perzyske taal|Perzysk]] en betsjut 'skonken tún'. (Yn it Perzysk, 'Bagh' (بغ) betsjut hof, garde en 'dad' (داد) betsjut jaan). In bynamme foar Bagdad wie de ''Rûne Stêd'', troch har rûne foarm. Yn in pear jier tiid ferrize der in grut paleis en in grute moskee en de stêd woeks eksplosyf troch de tastream fan minsken út de hiele islamityske wrâld. De stêd bloeide as hannelsstêd trochdat in grut part fan de hannelswegen tusken [[Aazje]] en [[Jeropa]] oer Bagdad gienen. De grutte havenstêd [[Basra]] oan de [[Perzyske Golf]] soarge foar in goede ferbining mei de [[Yndyske Oseaan]]. Sa kamen wichtige seerûtes fanút East-Afrika en Súd-Aazje by Bagdad gear.
 
De keunsten en wittenskippen waarden stimulearre troch de yntellektuele frijheid dy't de Abbasiden foarstienen en der ûntstienen ferneamde studzjesintra mei ûnder oare it [[Hûs fan de Wiisheid]], dêr't út de hiele bekende wrâld wei studinten en gelearden hinne kamen om te studearjen en ûnderwizen. Bagdad waard in wichtich sintrum foar it yn stân hâlden fan de eardere [[hellenisme|Helleenske]] skriften. In diel fan de klassike literatuer wie allinnich noch bekend troch Arabyske oersettings dy't hjir bewarre en fan kommentaar foarsjoen waarden. Ek de genêskunde stie op in heech peil. Ut dy tiid (de 9e ieu) datearje de ferhalen fan ''1001 nacht'', dêr't Bagdad en syn ferneamde [[kalyf]] [[Haroen al Rashid]] in wichtige rôlerol yn spylje.
 
[[Ofbyld:UStanks baghdad 2003.JPEG|thumb|250px|Amerikaanske tanks ride troch Bagdad (2003).]]
Yn [[1055]] feroveren de [[Turken|Turkske]] [[Seltsjoeken]] de stêd. Sy respektearren it gesach fan de kalyf mar bestjoerden sels de wrâldske saken. Yn Bagdad waard troch harren de [[Nizamiyyah]] stifte, in oare foarm fan heger ûnderwiis, dy't mear op Turkske en Perzyske tradysjes stipe. Oant yn [[1258]] bleau Bagdad ien fan de wichtichste steden fan de islamityske wrâld en fan West-Aazje. Yn dat jier ferwoasten de [[Mongoalen]] Bagdad en deaden sawat de hiele befolking, wêrûnder ek de lêste kalyf. Dêrnei namen oare kultuersintra yn it Midden-Easten de rol fan Bagdad oer, benammen Egypte en Spanje. Yn [[1401]] waard de stêd opnij troch [[Mongoalen]] plondere, en yn [[1534]] foel Bagdad yn hannen fan de [[Turken]]. Nei de fal fan it [[Ottomaanske Ryk]] yn [[1917]] waard Bagdad yn [[1920]] de haadstêd fan Irak en waard bestjoerd troch de [[Grut Brittanje|Britten]].
 
Yn de [[Golfoarloch]] fan 1990-1991 en [[Irakkriich]] ûndergie de stêd swiere bombardeminten. Yn april 2004 wienen parten fan de stêd yn hannen fan it [[Iraakske ferset]]. Benammen yn de wyk [[Sadr-stêd]] wie it ferset fûl. Yn it easten fan de stêd begûn it Amerikaanske leger yn april 2007 mei de bou fan in 3,5 meter hege muorre om it soennityske stêdsdiel Adamija hinne. Dêrtroch waarden de soenniten en sjiïten yn dat part fan de stêd fan inoar skieden, sadat se mekoar net mear oanfalle koenen. De betonmuorre om Adamija hinne wie yn augustus 2007 klear, de ynwenners kinnekoenen doe allinnich fiatroch in Amerikaanske kontrôlepost nei bûten. Op 30 juny 2009 lutsen de Amerikaanske troepen har út Bagdad en oare stêden werom. De soldaten waarden bûten de stêden legere. Op 5 augustus 2009 naam de minister-presidint Nuri al-Maliki it beslút om alle skiedingsmuorren yn de stêd ôf te brekken.
 
== Befolking ==
Foar de [[Irakkriich]] yn 2003 begûn, wie 90 persint fan de befolking moslim, wêrfan 65 persint soenniten en 35 persint sjiïten. Yn de Irakkriich en it Irakkonflikt reagen de Soenniten de Sjiïten de stêd út. Yn 2007 wie de ferhâlding 20-25% Sjiïtysk en 75-80% Soennitysk. Under it bewâld fan [[Saddam Hoessein]] waard it [[Kristendom]] talitten. Ien fan de Irakeze ministers, [[Tariq Aziz]], wie lid fan de Kaldieusk-katolike Tsjerke. Foar de Irakkriich yn maart 2003 begûn wie 10 persint fan de ynwenners fan Bagdad kristen. Troch de krisis dy't nei de kriich folge wie it tal kristenen noch mar 5 persint yn 2006. De helte fan alle kristenen yn Irak wennet yn Bagdad. Troch spanningen mei Israel wurdt it Joadendom net tastien. Yn 1946 wie der noch in frij grutte Joadske mienskip fan 136.000 minsken yn Irak, wêrfan 77.000 yn Bagdad (in fearnspart fan de befolking). Yn july 2003 fleagen seis fan de 34 Joaden yn de stêd nei Israel.
 
;Untjouwing ynwennertal
* 1800: 80.000
* 1900: 145.000
* [[Abdel Rahman Arif]] (1916-2007), premier (1967) en presidint (1966-1968 ) fan Irak
* [[Noor Sabri]] ([[6 juny]] [[1984]]), fuotballer
{{Commons|Bagdad}}
 
== Keppeling om utens ==
{{Koördinaten|33_20_0_N_44_23_0_E_region:IQ_type:city(5672516)|33°&nbsp;20'&nbsp;NB, 44°&nbsp;23'&nbsp;EL}}
{{CommonsCommonsLyts|Bagdad}}
 
{{boarnen|boarnefernijing=
<references/>
}}
 
 
[[Kategory:Irak]]