Diokletianus: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L r2.7.1) (Bot - derby: war:Diocletian
oar plaatsje
Rigel 1:
[[Ofbyld:DiocletianusFollisDiocletien Vaux1.jpg|right|thumb|búste fan Diokletianus]]
'''Diokletianus''', (Latyn: '''Gaius Aurelius Valerius Diocletianus''') ([[236]]- [[3 desimber]] [[316]]) wie [[List fan Romeinske keizers|keizer fan Rome]] fan [[20 novimber]] [[284]] oant [[1 maaie]] [[305]]. Hy wie in wichtige keizer dy't foaral bekend wurden is om syn bysûndere organisatoryske talinten. Under syn keizerskip waarden in protte aspekten fan it [[Romeinske ryk]] fernijd of opnij organisearre, lykas yn it leger, de provinsjes, it monetêre systeem en de belestingen.
 
Rigel 6:
 
== De Tetrargy ==
[[Ofbyld:Venice – The Tetrarchs 03.jpg|left|thumb|130px]]
Diokletianus fûn dat der yn it Romeinske ryk in soad feroare wurde moast. Yn syn eagen wie it ryk fierstente grut om effektyf bestjoere wurde te kinnen. Benammen troch ferskeidene ynterne konflikten en militêre drigingen oan de lange grinzen wie it ryk kwetsber. Hy joech in meiwurker fan him [[Maksimianus]] de titel fan ''[[Caesar (titel)|Caesar]]'', wat de tradysjoneletradisjonele wize wie foar in keizer (''[[Augustus (titel)|Augustus]]'') om syn opfolger oan te wizen. Lykwols joech hy Maksimianus de titel fan Augustus der by en dielde mei him de macht (Diokletianus yn it easten en Maksimianus yn it westen).
 
Yn beide ryksdielen kamen aparte haadstêden, de âlde haadstêd [[Rome (stêd)|Rome]] wie der net by. Dêrtroch soe de ynfloed fan de Romeinske [[senaat (Rome)|senaat]] hurd ferminderje.