Loadewyk XIV fan Frankryk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
MeinRei (oerlis | bydragen)
hielendal weromset
Rigel 3:
 
== Polityk ==
Loadewyk XIV folge syn heit, [[Loadewyk XIII fan Frankryk|Loadewyk XIII]] op doe't er noch in bern wie (14 maaie 1643). Oant [[1651]] wie syn mem [[Anna fan Eastenryk]] regint, mar it feitlik bewâld waard dien troch earste-minster [[Mazarin]]. Doe't dy stoar yn [[1661]] stoar gie Loadewyk sels it bewâld fieren. Yn de 54 jier dat Loadewyk oer Frankryk regearre, hat er syn doel om absolute macht te fêstigjen folslein berikt. Syn bûtenlânske polityk wie rjochte op prestiizje fermearderjen en gebietsútwreiding fan Frankryk.
 
Loadewyk behelle mei in oantal krigen û.o. yn de [[Njoggenjierrige Oarloch]] lânwinst yn it noarden en easten (Súd-Flaanderen, de Elzas). Mar de [[Spaanske suksesjeoarloch]] tusken [[1700]]-[[1713]]/[[1714]] mêde Frankryk folslein ôf sadat Loadewyk by syn dea it lân yn grutte soargen efterliet.
 
KeninlikeKeninklike almacht fêstige Loadewyk ek op tsjerklik mêd troch it ferneatigjen fan de [[Hugenoaten]] harren foarrjochten yn [[1685]] ([[Edikt fan Nantes]]), de bestriding fan de jansenisten it hanthavenjen fan it galikanisme tsjinoer de oermacht fan de paus.
 
== Keunst ==