Monoteïsme: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
HiW-Bot (oerlis | bydragen)
L r2.7.2) (Bot - derby: bn:একেশ্বরবাদ
tf's
Rigel 1:
It '''monoteisme''' is de foarm fan godstsjinst dêr’t mar ien god by erkend, en fereare, wurdt. De bekendste monoteistyske religys binne it [[Kristendom]], it [[Joadendom]] en de [[Islam]]. Monoteistyske religys kinne op twa manearen ûntstean: troch in stadichestadige ûntwikkeling fan filosofyske skôging út [[polyteisme]], of as in hoopstrookse omkear troch in profetyske oprop ta it útslutende erkennen en tsjinjen fan ’e Iene God.
 
== Untstean troch filosofyske skôging ==
By in stadichestadige ûntwikkeling giet [[polyteisme]], ''meargoaderij'', stadichoan oer yn monoteisme, op basis fan it religieus-filosofyske betinken dat alle goaden manifestaasjes of ferskillende aspekten binne fan ien heechste oergodheid. Dit kin op himsels in floeiende ûntwikling wêze, mar guon konsepten foarmje mûglike tuskenstadiums, lykas it [[henoteisme]], it leauwen oan in panteon mei in oergod, en [[monolatry]], it útslutende tsjinjen fan ien beskate god tusken oare goaden.
 
DisseDizze ûntwikling die him bygelyks foar yn [[Grikelân]] en it [[Midden-Easten]] yn ’e [[Hellenistyske Tiid]] (350-100 f.Kr.), dêr't ûnder oaren wiisgearen as [[Plato]] en [[Aristoteles]], de Grykske goadenwrâld monoteistysk beseagen. Tsjintwurdich nimt in part fan it [[Hindoeïsme]] sa'n selde posysje yn. Om't it in stadichestadige ûntwikling is, kin it nei't de earste leauwenden ta dit ynsjoch komme noch lang duorje eart gâns de godstjinstgodstsjinst gâns monoteistysk wurdt. Sa is filosofyske skôging ornaris eat dêr’t mar in lyts part, de hegerein, fan in befolking tiid of begryp foar hawwe, sadat dit soarte fan monoteisme de legerein mûchlik nea berikt. En oarsom kin de ûntwikling nei in [[monisme|monistysk]] monoteisme, it leauwen yn ien ûndielbere god, him slim ûntwikkele wylst in oar part fan de leauwenden noch polyteistysk is.
 
== Untstean troch in profetyske oprop ==
Dêr't in godtjinstferoaringgodstsjinstferoaring it gefolch is fan in profetyske oprop is it makliker foar polyteisten om as de oanhingers fan de profeet harren âlde goaden falle te litten en daalks ta in monistysk monoteisme te kommen. Lykwols is ek dizze omkear net absoluet. De measte profeten yn in polyteistyske wrâld roppe ynearsten allinnich op ta monolatry; it monoteisme komt letter. En oarsom, iepenet filosofyske skôging ek fan it monistysk monoteisme út de wei nei in god mei ferskate aspekten.
 
Profetysk-ûntstean monistysk monoteisme komt hjoed de dei fierwei it meast foar, en it foarmet de basis fan it Joadendom, it Kristendom, de Islam, it [[Sikisme]], it [[Bahaïsme]], guon Hindoeïstyske sekten en in tal lytsere godstsjinsten. Ek yn dizze godstjinsten is it in religieuze boppelaach dy't fêsthâldt oan de strange foarm fan monoteisme, en alwat dêr net yn past ôfwiist. Dochs komt it ek by dizze godstjinstengodstsjinsten foar dat de god mear-ienich is, dat der ôfspegelings vanfan de god erkend wurde, of dat hilligen ferearre wurde.
 
== It earste monoteisme ==
It âldst-bekende monoteisme ûntjoech him mûchlik min of mear op beide manearen, nammentlik troch de filosofyske skôging fan ien man, dy’t dêrnei syn ideeën oan syn ûnderdienen oplei, eat dat foar harren grif in hoopstrookske omkear west hat.
[[Ofbyld:Aten disk.jpg|300px|thumb|Farao [[Achenaton]] en hûshâldinghúshâlding yn'e sinnestrielen fan Aton, twadde fan lofts is [[Tutankamon]], soan fan Achenaton.]]
 
Dit wie de [[Amarna-tiid]] yn it âlde [[Egypte]]. ''Amenhotep IV'', in farao út ’e [[Achttjinde Dynasty]] dy’t regearre fan 1364 oant 1347 f.Kr., helle ien god út it Egyptyske panteon en foarme dêr in monoteistyske kultus om hinne. Dy god wie [[Aton]], de ferpersoanliking fan ’e sinneskiif en oant it begjin fan ’e Achttjinde Dynasty net in godheid op himsels, mar in aspekt fan ’e sinnegod [[Amon-Ra]]. Amenhotep (dat eat betsjut as “Amon is tefreden”) feroare syn namme ta [[Achnaton]] (“Dy’t Aton behaget”) en ferhuze de haadstêd fan it ryk fan [[Tebe]] nei it nij-boude [[Achetaton]] (“Ljochtlân fan Aton”), de hjoeddeiske ruïnestêd [[Tell el-Amarna]]. Yn it earst ferkundige er in henoteistysk leauwen yn Aton, mar al gau gong er oer op it beliden fan in monoteistyske godstjinst.
Rigel 25:
 
== Relaasjes tusken monoteistyske en oare religys ==
Monoteisme wurdt gauris sjoen as in yntolerante foarm fan godstsjinst. Ommers, as der mar ien god is, dan moat dat wol betsjutte dat alle oare goaden - dy’t dêrom “ôfgoaden” neamd wurde - ûntkend wurde moatte. Dêr soe dan út folgje dat oare godstjinstengodstsjinsten te fjoer en te swurd bestriden wurde moatte. De hillige boeken fan de grutte monoteistyske godstjinstengodstsjinsten sizze lykwols dat oarsljeauwenden akseptearre wurde moatte. It spoar fan bloed dat it leauwen troch de skiednis lûkt komt dêrmei net fuort út it leauwen sels, mar út de leauwenden. Faaks is it makliker om monoteisten, of harren organisearre tsjerke, as in party te sjen, dy't it tsjin oare partyen opnimme kin of moat.
 
== Fûnemintalisme ==
Dy kulturele konsekwinsje fan it monoteisme is faaks mei de oarsaak fan de opkomst yn ’e lêste twahûndert jier fan it [[fûnemintalisme]], in streaming dy’t yn alle grutte monoteistyske religys foarkomt mar dêrbûten folle minder. Dizze streaming stiet it weromkearen nei de fûneminten fan ’e oangeande religy foar. DitDat stribjen is feitlikens in beweging wei fan it monoteisme, omdat dêrby net mear God sintraal stiet, mar fergodlike tinkbylden, lykas by it [[Joadsk fûnemintalisme]] it [[Hillige Lân]], by it [[Kristlik fûnemintalisme]] de [[Bibel]] en “gesinswearden”, by it [[Islamitysk fûnemintalisme]] de histoaryske [[Islam]] of by [[Sik-fûnemintalisme]] de [[Gouden Timpel fan Amritsar]].
 
== It feroarjende godsbyld ==