Stefan Vermaes: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Untfrollânskifikaasje
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
wurkleas
Rigel 1:
{{wurk}}
[[Ofbyld:Stefanus Johannes Vermaes (1839-1902).jpg|thumb|''Stefan Vermaes'']]
'''Stefanus Johannes Vermaes''', ( [[Hellevoetsluis]], [[2 maaie]] [[1839]] - [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]], [[10 desimber]] [[1902]] ), wie in yngenieur.
Line 10 ⟶ 9:
Mei 1 maaie 1874 sloech hy lykwols in oare rjochting yn. Hy gie yn tsjinst fan de provinsje [[Grinslân]] en waard ûnder de yngenieur J. Kater Tz. belêste mei de foltôging fan it [[Iemskanaal]], in kanaal fan Grins nei Delfsyl.
 
Neidat de provinsje Fryslân besluten hie, net langer gebrûk te meitsjen fan de tsjinsten fan de yngenieurs fan Rykswettersteat, waard Vermaes yn de gearkomst fan [[Provinsjale Steaten]] fan [[14 maaie]] [[1876]] beneamd ta haadyngenieur fan de provinsjale wettersteat. Dat soe er bliuwe oant syn ferstjerren.
 
Nei de stoarmfloed fan 31 jannewaris 1877 waard him frege om foarstellen ta ferbettering fan de Fryske seediken te dwaan. Vermaes syn útstel wie om de âlde pealwurken te hâlden, mar gjin nije te meitsjen en de diken te ferheegjen en mei basaltgloaiïng te fersterkjen. In grut part fan de Fryske seedyk is yn de jierren neffens syn plan ferbettere.
 
Nei syn meast al yn 1877 opmakke plannen is mei finansjele help fan it Ryk de wettersteat fan Fryslân troch fergrutting fan de profielenprofilen fan in grut oantal fearten ferbettere yn de jierren 1880-1889. Doe't dizzedy ferbettering net genôch bliek, waard troch Vermaes yn gearwurking mei syn Grinslanner amtgenoat Kater ( ek in diel fan Grinslân wettert op de Lauwersee ôf en soe hjirfan grut foardiel hawwe) foarsteld, ít súdlike diel fan de [[Lauwerssee]] ôf te damjen en ta boezem foar Fryslân en it westlik diel fan Grinslân te meitsjen. Dit foarstel waard troch [[Deputearre Steaten]] fan de beide provinsjes oernomd en 2 maart 1895 oan it regear yntsjinne. Der waard [[18 juny]] [[1896]] fan Rykswege in steatskommisje ynsteld, wêrfan Vermaes lid waard; sy brocht 5 maaie 1900 ferslach út. De kommisje stelde út, by de yndiking fan de súdlike Lauwerssee de te meitsjen boezem yn trije dielen te ferdielen, ien foar Fryslân, ien foar Grinslân en ien foar [[East-Dongeradiel]]. Deputearre Steaten fan de beide provinsjes achten de plannen fan de kommisje, dy't 4½ millioen taksearre wiene, te kostber. Se mienden, dat, hoe foardielich foar de ôfwettering in bediking fan it súdlike stik fan de Lauwerssee en wêze mocht, it stiftsjen fan in gemaal, útslaande op de Sudersee, it doel folle goedkeaper berikkt wurde koe. Dêrom stelden se 7 febrewaris 1902 in kommisje yn ta beoardieling fan itselde fraachstik, mar allinnich út technysk eachpunt. Hjirfan waard Vermaes ek lid, mar hy is troch syn ferstjerren ferhindere wurden, oan de opstelling fan it ferslach fan dizze kommisje mei te wurkjen.
 
Vermaes wie in fûl foarstanner fan de Sudersee-droechlizzing, dy't hy perfoarst needsaaklik fûn yn it belang fan Fryslân. Hy wie lid fan de steatskommisje, 8 septimber 1892 betreklik dit fraachstik ynsteld, en hat him yn 1895 tige fûl útlitten oer tsjinstanners fan dy droechmakking yn in troch de Suderseeferiening publisearre opstel. Hy wie praktysk ynsteld, wat bliken die út it tapassen fan bajonetslûzen. Mooglik wie it syn grut optimisme, wêrtroch't it him net slagge de Fryske wettersteatstastân genôch te ferbetterjen. Hy ferstoar nei in sykte fan inkele oeren.