Peaske-eilân: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
LNo edit summary
L red.
Rigel 6:
== Geology ==
Peaske-eilân is in heech eilân dat foar it grutste part foarme waard troch trije fulkanen, de [[Maunga Terevaka]] (507 meter), de [[Poike]] (370 meter) en de [[Rano Kau]] (324 meter), dy't it eilân ek syn trijehoekige foarm jouwe.
 
{{wurk}}
== Skiednis ==
[[Ofbyld:Ahu Tongariki.jpg|thumb|right|[[Moai]] op Peaskeilân]]
Neffens iere folks[[leginde]]n (mûnling oerlevere en net wis) hawwe de earste bewenners (haadman Hotu Matu'a mei syn frou en famylje) it eilân mei twa kano's berikt. Der wurdt oannaam dat hja [[Polineezjers]] wienen. DizzeDy fêstiging soe neffens histoarisy plakwest hawwe fûn tusken de [[4e ieu|4e]] en [[8e ieu]].
 
It earste Jeropeeske kontakt mei de Peaske-eilânbewenners barde troch de Nederlanner [[Jacob Roggeveen]] yn [[1722]]. Hy trof der doe twa- oant trijetûzen bewenners oan. Dy befolking hat in tal ieuwen dêrfoar folle grutter west, skattings giengean út fan tsien- oant fyftsjintûzen minsken. Oannomd wurdt dat de beskaving fan Peaske-eilân nei in tiidrek fan bloei stadichoan ien in delwaartsedelgeande spiraal terjochtkaam as gefolch fan oerbefolking, ûntboskjen en útputting fan de beheind oanwêzige natuerlike grûnstoffen. It eilân wie foardat it troch minske bewenne waard folslein beboske, doe't Roggeveen op it eilân arrivearre wie dat al net mear it gefal.
 
Neffens de beskriuwings dy't Roggeveen jout, libben der twa kloften minske op it eilân: Polyneezjers en 'blanken'. Dizze blanken wienen Langearen, ek wol "Hanau Epe" neamd, dy de [[Moai]] hawwe boud. De twa befolkingskloften libben yn frede op it eilân.
 
Ofsjoen fan wat beskriuwings dien troch besykjende skippen ûntbrekt der ynformaasje oer wat der allegear krekt foarfallen hat op it eilân, sawol foar de komst fan de Jeropeanen as yn it tiidrek tusken harren besiken. Sa beskriuwt [[James Cook]] by syn besyk yn [[1774]] dat in protte stienen bylden omsmiten wienen, wylst dat by it besyk fan Roggeveen noch net it gefal wie. Wêrom't soks barde is net bekend. <br />
Slavehannel, nij yntrodusearre sykten en honger late ta in fierdere tebekrin fan de befolking.
[[Ofbyld:Easter Island c1880.jpg|thumb|right|Op Peaskeeilân om 1880 hinne]]