Content deleted Content added
→‎Temasiden2: nije seksje
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
Rigel 282:
:Sorry Kees, do meist it der om my op sette, mar ik fyn it abslút gjin ferbettering. Ik fyn it skande fan de tiid en al it wurk datsto derfan hân hast, mar it giet úteinlik om de Wikipedy. Ik hoopje datsto sels wol ynsjochst dat brike berjochten, plaatsjes dy't net yn in boks passe, en tefolle detail gewoan gjin ferriking binne. It liket wol as wolsto mei alle geweld de nije opset foar de temasiden brûke. Dat dogge se op oare Wikipedia's ek net, der binne ferskillende opsetten foar in temaside. De âlde opset fan bygelyks de Feriene Steaten fûn ik aardich wat better as dyn foarstel.
:Ik wol dy net misledigje, mar ik woe wol earlik nei dy ta wêze. Asto wolst kin ik wol mei dy meisjen. It spyt my fan myn skelle lûd. Groetnis --[[Meidogger:Kening Aldgilles|Kening Aldgilles]] ([[Meidogger oerlis:Kening Aldgilles|talk]]) 6 apr 2012, 15.25 (CEST)
No begryp ik it net mear Aldgillis: Myn opset wie de Temasiden lyk te meitsjen kwa opset. Yn dit gefal in brede linker kolom en in smellere grize kolom rjochts, net allinnich op de Haadside mar ek:[http://fy.wikipedia.org/wiki/Tema:Frysl%C3%A2n hjir], [http://fy.wikipedia.org/wiki/Tema:Provinsje_Frysl%C3%A2n hjir],
[http://fy.wikipedia.org/wiki/Tema:East-Frysl%C3%A2n hjir],
[http://fy.wikipedia.org/wiki/Tema:Eastfrysl%C3%A2n hjir],
[http://fy.wikipedia.org/wiki/Tema:Sealterl%C3%A2n hjir],
[http://fy.wikipedia.org/wiki/Tema:Skiednis_fan_Frysl%C3%A2n hjir],
[http://fy.wikipedia.org/wiki/Tema:Religy hjir],
[http://fy.wikipedia.org/wiki/Tema:Sport hjir],
[http://fy.wikipedia.org/wiki/Tema:Minske_en_mienskip hjir],
[http://fy.wikipedia.org/wiki/Tema:Biology hjir] en
[http://fy.wikipedia.org/wiki/Tema:Wittenskip hjir] sa't dy meast troch josels opsetten en opmakke binne. It unifoarm meitsjen is in hûdfol wurk, en dus miende ik jo helpe te kinnen troch in soad foarwurk te dwaan. Dat foarwurk bestiet út it lyk meitsjen kwa opmaak fan alle Temasiden dy't der oant no ta binne. Jo skriuwe as reaksje trije moanne lyn [http://fy.wikipedia.org/wiki/Oerlis:Tema:Haadtema dit]. Doe miende ik dat wy dy grutte put tegearre ta in goed ein bringe soenen en die hjoed noch wat oanpassings. Boppedat frege ik jo hjoed oft jo de saak nochris neisjen wolle. Dêrmei bedoelde ik benamen te technyske kant, kwa ynhâld binne de Temasiden ommers lyk oan de besteande. Mar no lês ik ik mei opsetsin in nije opset foar de siden trochdriuwe wol.. Wat is der feroare sûnt jo lêste tasizzing fan ein desimber?--[[Meidogger:Swarte Kees|Swarte Kees]] ([[Meidogger oerlis:Swarte Kees|talk]]) 6 apr 2012, 16.55 (CEST)