Ferskil tusken ferzjes fan "Jannum"

24 bytes lytser ,  8 jier lyn
→‎De tsjerke: red. [[]]
L (→‎Befolking: update)
(→‎De tsjerke: red. [[]])
== De tsjerke ==
[[Ofbyld:Kerk van Jannum.jpg|thumb|''De tsjerke fan Jannum'']]
De [[Romanogotyk|romaanskgoatyske]] tsjerke fan Jannum is om [[1300]] hinne boud, mar it âldste part, it koar, is fan likernôch [[1200]]. De tsjerke bestie út twa parten. It iene part wie foar de [[Likebroer|likebruorren]] fan it kleaster en it oare part fan de geastliken. Yn de twadde helte fan de 16e ieu is it nedige feroare.
 
=== Restauraasje ===
De tsjerke rekke sûnt dy tiid hieltyd mear ferwaarloaze. Dêrom waard der tusken 1942 en 1944 in restauraasje útfierd ûnder lieding fan de arsjitekt [[J.J.M. Vegter]]. Dat wie ek om boufakkers út [[Nazi-Dútslân|Dútslân]] te hâlden.
De wichtichste feroaring dy't Vegter oanbrocht hat, wie it oanbringen fan in hingjende klokkestoel oan de westkant. Dêr hinget no de klok út 1489. Fierders hat er besocht de tsjerke wer werom te bringen nei de Midsieuske foarm.
 
Doe't de restauraasje klear wie moast de tsjerke in bestimming hawwe. Dy kaam yn 1947 doe't it [[Frysk Museum]] dêr in úthôf stifte. Jannum krige sa syn tsjerkemuseum. Dit waard de op ien nei grutste kolleksje fan sarkofagen, deksels en stiennen kisten. De âldsten stamme út de [[12e ieu]]. Ek oare tsjerklike stikken út de kolleksje hawwe yn Jannum in plak krige.
 
Letter hat it FriesFrysk Museum de úthoven ôfstjitten. Yn Ferwerderadiel waard doe de [[Stifting Monuminten Ferwerderadiel]] oprjochte. DizzeDy hat tsjerke en museum ûnder syn hoede nommen. De tsjerke dy't altyd noch eigendom wie fan Herfoarme Gemeente Burdaard/Jannum, is ek oan de stichting ferkocht. De Stichting is no dwaande mei de tarieding fan de needsaaklike restauraasje.
 
== Mienskip ==
82.465

bewurkings