Marije Louise fan Hessen-Kassel: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
Rigel 22:
 
== Middelbere leeftiid ==
Yn 1731 siet har taak as regintesse der op. Se sette har ta wensjenwenjen yn it [[Prinsessehof]] yn de Ljouwerter Grutte Tsjerkestrjitte, in hof dat yn 1731 oankocht wie. Maria Louise hie in wichtige porsleinkolleksje. Tsjintwurdich sit yn it Prinsessehof it nasjonaal [[keramyk]]museum. Yn 1732 waard mei de Prusyske sibben in akkoard sluten oer de erfenis en yn 1734 slagge it Maria Louise foar Willem in houlik te regeljen mei de Ingelske prinsesse prinses Anna fan Hannover, wat de famylje ynternasjonaal mear oansjen joech. Yn 1747 waard Willem IV, nei wat woelingen yn de Republyk, yn alle gewesten ta erfsteedhâlder beneamd en ferhuze hy mei syn hof nei De Haach. Yn de jierren dêrnei feriensume se. Har soan hie it smoardrok, en boppedat siet hy faak yn it fiere [[De Haach]]. Reizgjen nei De Haach waarden har te moedsum om faak te dwaan. Dêrneist koe se mar min oerwei mei har skoandochter [[Anna fan Hannover]]. By in werferdieling fan besittingen yn 1731 hie Willem IV syn mem de barony fan Iselstein as douarie skonken. Yn Iselstein hienen de piëtistyske greve fan Zinzendorf en syn folgelingen, de Herrnhutters, in wykplak socht, neidat se yn Dútslân yn swierrichheden komd wienen. Maria Louise hie in swak foar de Hernhutters, mar omdat soan Willem IV benaudt wie foar politike problemen om dizze religieuze groep, moast de prinsesse hat ûnthâlde fan iepentlike steun oan harren. Wol soarge se derfoar dat se earne oars, op slot Zeist, ûnderdak krigen.
 
Doe't yn 1747 [[Willem IV fan Oranje-Nassau]] ek steedhâlder fan de oare gewesten fan de [[Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen|Republyk]] waard bleau hy permanint yn [[De Haach]].