Minnemahûs: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L better witte wolle
L red. [[]] ensafhrth.
Rigel 2:
It '''Minnemahûs''' of '''Minnemastins''' wie in stedsstins op de hoeke fan de Foarstreek en de Minnemastrjitte, yn [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]].
 
It boujier fan de oarspronklike [[stins]] is net bekend, mar wie mooglik al yn de [[12e ieu]]. Neist de famyljes Cammingha en Burmania foarmen de Minnema’s it tredde autochtoane [[haadling]]enlaach fan de stêd Ljouwert, alteast binnen de grêften. De Burmania’s behearsken [[Aldehou (doarp)|Aldehou]] ([[Burmaniahûs]]) en de Cammingha’s wienen eigeners fan [[Hoek (Ljouwert)|Hoek]] ([[Amelânhûs]]) en in grut stik fan it noardlike diel fan Nijehou (Camminghahûs 1 of Aed Levwerd en Julius van Gheelhûs). It territoarium fan de Minnema’s grinze oan it steedlik (hannels)sintrum op de súdlike terp fan [[Nijehou]] en oan de grutste transportrûtes nei it noarden ([[Dokkumer Ie]]) en easten (Flyt).
 
Yn 1406 wurdt in Minnema neamd dy't rjocht sprekt en yn [[1442]] is Sipko Minnema skepen fan de stêd. Yn 1500 is Frans Minnema [[âlderman]]; de heechste baas yn de stêd.