Mei Li Vos: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
st
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
Rigel 3:
 
== Libbenspaad ==
Vos komt út in húshâlding mei fiif bruorren; har Sineesk-Ynjeske mem hie in útjouwerij, har Nederlânske heit hie in boekhannel. Vos studearre [[politikology]] oan de [[Universiteit fan Amsterdam]]. Op [[20 juny]] [[2001]] promovearre sy oan dy universiteit. Fan 2004 oant 2006 wie sy oan it wurk as kommunikaasjemeiwurker by it [[Ministearje fan Algemiene Saken]]. Simmer 2005 wie hja ien fan de oprjochters fan it ''[[Alternatief voor Vakbond]]'' (AVV). Dy fakbûn ûnstieûntstie út argewaasje oer de [[FNV]] dy't ferfallen wêze soe ta in organisaasje foar minsken sûnder wurk en âlderein, en dy't fral it belang fan 55-plussers tsjinje soe. Vos waard teffens foarsitter fan it nije fakbûn. Fierders skreau hja kollums foar it blêd [[Vrij Nederland]] en ek in skoftke foar de ''Volkskrant Banen'', in fergees fakatuereblêd fan [[De Volkskrant|de Folkskrante]].
 
By de [[Twadde-Keamerferkiezingen]] fan [[22 novimber]] [[2006]] stie sy op plak 38 fan de kandidatelist fan de [[Partij fan de Arbeid]]. Troch it ferlies fan sitten fan de PvdA kaam Vos lykwols net fuortendaliks yn de Keamer. Earst nei it fuortgean fan in tal Keamerleden fan har partij nei it [[kabinet-Balkenende IV]] waard Vos op [[1 maart]] [[2007]] beëdige. Mei Li Vos is sûnt maaie 2007 ek lid fan de Ried fan Kommissarissen fan it publike multikultuerele radiostasjon FunX BV (dat yn hannen is fan de fjouwer lokale publike omroppen út Amsterdam, Rotterdam, De Haach en Utert).