Rommert Tjeerdsma: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red., better witte wolle...
MeinRei (oerlis | bydragen)
Rigel 2:
 
== Biografy ==
Tjeerdsma wie postamtner, earst yn [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]] en letter yn [[Stiens]]. Al betiid hie er in soad nocht oan alles wat mei boeken en lêzen te krijen hie. It skriuwen is er ein jierren tachtich mei begûn. Yn 1990 ferskynden de earste ferhalen en gedichten yn de ''Fleanende Krie'', it blêd fan de Fryske Boekeklub [[KFFB]]. Yn 2003 skreau er in skoftke koarte ferhalen foar it [[Friesch Dagblad]]. Letter folge de fêste rubryk ''Kafee Rom Sicht'' yn [[Lyts Frisia]]. Fan 2005 ôf lei Tjeerdsma him hielendal ta op it skriuwen fan proaza. Syn debútroman ''Brekpunt'' ferskynde yn 2006 by de KFFB. It boek beskreaut in jier út it libben fan in jonge frou yn 1947. Yn 2009 ferskynde it boek ''Frij as de wyn'', dat oer de grutte tsjinstellings tusken earm en ryk yn it Fryslân fan 1847 giet. It jier dêrop ferskynde syn tredde roman, ''Reboelje yn Kollumerlân''. It boek, dat by de [[Friese Pers Boekerij]] ferskynde, spilet him ôf yn de [[Frânske tiid]] en giet oer it [[Kollumer Oproer]] yn 1797. HaadpersoanebHaadpersoanen binne Eabele Keuning en [[Jan Binnes]], dy't as skoaljonges al in grut skeel hawwe en dy't elkoar letter by de Oproer wer tsjin komme. Tjeerdsma hat altyd in soad belangstelling foar skiednis hân en dat is yn syn romans dúdlik werom te finen.
 
Nei alle gedachten ferskynt febrewaris 2013 it nijste boek fan Tjeerdsma by de KFFB.