Gysbert Japiks: ferskil tusken ferzjes
Content deleted Content added
Rigel 8:
Gysbert Japiks kaam fuort út de foarname Boalserter boargerij. Syn heit, Jacob Gysberts, wie kistemakker, diaken en letter boargemaster fan de stêd. Doe't tusken 1614 en 1616 it ferneamde [[stedhûs fan Boalsert]] boud waard, wie Jacob Gysberts de ûntwerper en útfierder fan it houtsnijwurk yn de riedseal. Japiks folge de Latynske skoalle en waard ûnderwizer, earst yn Wytmarsum (1625) en letter yn Boalsert (1637).<ref name="Biografy Gysbert Japiks">[http://www.sirkwy.nl/titel/91 Webside www.sirkwy.nl: biografy Gysbert Japiks]</ref> Japiks troud yn 1636 mei de Ljouwerter notarisdochter Sijke Salves Nicolai.
Yn 1640 ferskynde syn earste wurk, de ''Friesche Tjerne''. Yn de jierren nei de Friesche Tjerne gie er troch mei it skriuwen fan poëzij en proaza, leafdespoëzij, gelegenheidsdichten en ek in soad psalmberimings. Skriuwendewei tocht er ek nei oer de krekte stavering fan it Frysk. De begjinsels dêrfan binne nei syn dea publisearre en gouwen yn de njoggentjinde en tweintichste ieu noch as referinsjepunt by staveringsdiskusjes.<ref>[http://www.11en30.nu/global/fri/Artikel/29/ Gysbert Japiks yn de Kanon fan de Fryske Skiednis]</ref>
Yn de jierren 1646 oant 1648 hold [[Franciscus Junius]] mei tuskenskoften by Gysbert ta, dy’t him it Frysk learde. Franciscus Junius wie in taalkundige dy't in wurdboek fan it Aldingelsk, Nederlânsk en Frysk meitsje woe. Syn oantekenings en in stikmannich autografen kamen sa úteinlik yn de Bodleian Library te Oxford telâne. Sa generearre Gysbert Japix ynternasjonale belangstelling foar it Frysk. Japiks krige ek kunde oan de Fryske skiedskriuwer [[Simon Abbes Gabbema|Symen Abbes Gabbema]], dy't it wurk fan Japiks postúm ferskine liet yn de Fryske Rymlerye. Fan it tiidrek 1654-1661 binne ferskate brieven tusken Japiks en Gabbema bewarre bleaun.
|