Gysbert Japiks: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 10:
Yn 1640 ferskynde syn earste wurk, de ''Friesche Tjerne''. Yn de jierren nei de Friesche Tjerne gie er troch mei it skriuwen fan poëzij en proaza, leafdespoëzij, gelegenheidsdichten en ek in soad psalmberimings. Skriuwendewei tocht er ek nei oer de krekte stavering fan it Frysk. De begjinsels dêrfan binne nei syn dea publisearre en gouwen yn de njoggentjinde en tweintichste ieu noch as referinsjepunt by staveringsdiskusjes.<ref>[http://www.11en30.nu/global/fri/Artikel/29/ Gysbert Japiks yn de Kanon fan de Fryske Skiednis]</ref>
 
Yn de jierren 1646 oant 1648 hold [[Franciscus Junius]] mei tuskenskoften by Gysbert ta, dy’t him it Frysk learde. Franciscus Junius wie in taalkundige dy't in wurdboek fan it Aldingelsk, Nederlânsk en Frysk meitsje woe. Syn oantekenings en in stikmannich autografen kamen sa úteinlik yn de Bodleian Library teyn [[Oxford]] telâne. Sa generearrekrige Gysbert Japix ynternasjonale belangstelling foar syn wurk en it Frysk. Japiks krige ek kunde oan de Fryske skiedskriuwer [[Simon Abbes Gabbema|Symen Abbes Gabbema]], dy't it wurk fan Japiks postúm ferskine liet yn de Fryske Rymlerye. Fan it tiidrek 1654-1661 binne ferskate brieven tusken Japiks en Gabbema bewarre bleaun.
 
Gysbert Japiks en Sijke Nicolai krigen seis bern. Fiif fan syn seis bern binne jong stoarn. Suver tagelyk mei Gysbert Japiks, stjert ek syn frou yn 1666 oan de [[pest]]. Koart nei de dea fan Gysbert Japiks en Sijke Nicolai kaam ek harren âldste en iennichst oerbleaune bern Salves te ferstjerren.<ref>[http://depot.knaw.nl/8737/1/LG2003DeVondel0693_001.pdf Artikel oer Japiks yn it tydskrift 'Oude Muziek']</ref>