Haadmenu iepenje

Changes

109 bytes added ,  12 jier lyn
jeugd
'''Maaike Schuurmans''' is in Fryske sjongster út Snits. As bern hie se graach ballerina wurde wold, mar blykte dêrfoar net de goede lichemsbou te hawwen. Se studearre fan 1985 oant 1990 oan de [[Akadeemje fan Kleinkunst]] yn Amsterdam. Nei har slagjen wie se te sjen op podia fan Nederlân, Dútslân, Belgje en fan London yn musicals lykas: “Cats”, “Joe, de Musical” en Mozart”. Mar ek als ''Janke'' yn de film [[De Gouden Swipe]]. Maaike spile ek yn de kabaretfoarstelling [[Eurosuperfries]]” mei en skreaun troch [[Rients Gratama]]. Mei Rients song se letter ek it bekende “De búgel fan Looft den Heer”.
Yn Nederlân ken men har ek fan de hit “Wa’t ik bin”, in duet dat se opnaam mei popgroep “[[De Kast]]”. Mei “De Kast” wie se ek te sjen yn it muzyktheater-spektakel “Simmertime” yn “[[Simmer 2000]]”. Maaike song doe mei De Kast de single “Wa’t ik bin”. Se hie in grutte rol op it album [[Simmertime]] mei gearwurking fan De Kast, Rients Gratama en [[Piter Wilkens]]. Oant 1 april 2001 hie se de rol fan “Magda” yn de musical “Tanz der Vampire”. Maaike is in echte podium-persoanlikheid met in prachtige stim. Ynspirearre troch de cd “Painted from memory” (Bacharach/Costello), hat Maaike har ferdjippe yn it libben en de muzyk fan Burt Bacharach. (skriuwer fan û.o. ferskes as “Raindrops keep fallin’on my head” en “Walk on by” ).It wie de basis foar har foarstelling “Anyone who had a heart”.<br>
 
56.977

edits