Natoerreligys: ferskil tusken ferzjes

fw
(fw)
 
== Natoerreligys en de boppenatoerlike wrâld ==
Behalven dat natoerreligys gjin ûnderskie meitsje tusken godstsjinst, natoer en kultuer, sjogge se ek gjin wêzentlik ferskil tusken dizze wrâld en it [[hjirneimels]], yn alle gefallen net sa't de histoaryske godstsjinsten dat dogge. Dêr wurdt de wrâld fan ’e libbenen as eat dat mar amper wurklikheid is beskôge.
 
Yn natoerreligys komt sa'n skerpe tsjinstellings tusken de wrâlden fan ’e libbenen en de deaden net foar. Sy kenne mar ien kosmos, dêr’t himel, hel en ierde net eksplisyt yn faninoar skaat binne en soms yninoar oerrinne, en dêr’t ek de deaden tahâlde, al is dat dan ornaris op in oar, faak wat ûndúdlik plak en yn in steat fan skimich heal-bestean.
It net foarkommen fan in ûnderskie tusken godstsjinst en de rest fan it libben is ien fan ’e redenen dat natoerreligys fan oarsprong gjin namme hawwe. Ommers in religy krijt dy earst as dy yn kontakt komt mei oare godstsjinsten en in beneaming needsaaklik wurdt om dy dêrfan ûnderskiede te kinnen. Sa wurdt de godstsjinst fan de [[Mentawaiers]], op de [[Yndoneezje|Yndonezyske]] [[Mentawai-eilannen]], westlik fan [[Sumatra]], tsjintwurdich [[Sibulungan]] neamd, dy fan de [[Sabûnezen]], op it súdlike Yndonezyske eilân [[Sabu]] [[Jingitui]], dy fan de [[Toraja]] fan sintraal [[Sulawesi]] [[Alulh Todolo]] en de ynheemske religy fan [[Belau]] [[Modekngei]].
 
De betsjutting fan sokke nammen is ornaris tige ienfâldich. Sa betsjut [[Marapu]], de namme foar de ynheemske godstjinstgodstsjinst fan it súdlike Yndonezyske eilân [[Sumba]], letterlik “geasten” en [[Agama Jawa]], sa’t de noch sterk libjende natoerreligy yn it offisjeel islamityske [[Java|East-Java]] wol neamd wurdt, “Javaanske godstsjinst”. De natoerreligys fan ’e [[Dajaks|Dajak-folken]] fan [[Borneo]] wurde [[Kaharingan]] neamd, dat yn it [[Ngaju]] “libben” betsjut. En [[Vodun]], de tsjintwurdich offisjele namme foar de godstsjinst fan ’e [[Ewé]] en de [[Fon]] fan súdlik [[Benyn]], betsjut letterlik “it ferburgene” of “geheim”. En fan itselde wurdt is ek de namme fan ’e bekende Afro-Amerikaanske synkretistyske religy op [[Haïty]], [[Voodoo]] of ''Vodou'', ôflaat).
 
== Konflikten mei oare godstsjinsten ==
19.977

bewurkings