Louis Adriën Bähler: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
datums [[]]
Rigel 1:
'''Louis Adrian Bähler''' ([[Kesteren]], [[2 oktober]] [[1867]] - [[Paterswolde]], [[22 maart]] [[1941]]) wie in [[teolooch]] en kristen-anargist.
 
Louis Bähler kaam út in [[Switserlân|Switsersk]] predikantelaach dêr't keunst en kultuer in wichtich plak hiene; syn oerpake wie Louis Henri Bähler, ién fan de foaroanmannen fan [[It Réveil]]. Bähler stie as predikant op [[Skiermûntseach (eilân)|Skiermûntseach]] (1895), [[Easterwâlde (Fryslân)|Easterwâlde]] (1902) en [[Aduart]] (1909). Yn Skiermûntseach hold er lêzingen oer natoer en [[Boedisme]] en krige rillegau rûzje mei de fiskers om't er it foar de seehûnen opnaam. Yn Easterwâlde waard Bähler op hannen droegen. Dêr wie it ek dat er út reden fan Boedistyske sympatyen skeel mei it Pronvinsjaal tsjerkebestjoer krige (1905), mar hy waard frijsprutsen.
 
Yn 1911 joech er syn amt oer en ferliet de [[Nederlânske Herfoarme Tsjerke]]. Hy naam as anargo-sosjalist diel oan de Frede-beweging (mei [[Felix Ortt]] en [[Lodewijk van Mierop]]), wie strider foar hielûnthâlding, fegetarisme, anti-militarisme en stifte de ''Rein-Leven''-beweging. Naam diel oan it Ynternasjonaal Bruorskip yn Blaricum.
 
Bähler wie in geleard teolooch en skreau in protte boeken. Syn frou G. Bähler-Boerma wie de 'geastlike mem fan de folkshûzen'.
Rigel 27:
[[Kategory:Nederlânsk predikant]]
[[Kategory:Nederlânsk teolooch]]
[[nl:Louis Adriën Bähler]]