Tibet: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L Bewurkings fan "Frysun" (oerlis) werom set ta de ferzje fan "GedawyBot".
Rigel 32:
 
== Skiednis ==
De earste histoaryske kening fan Tibet wie [[Srong-Tsan Gam-Po]] (± 620-649). dy'tTroch him waard [[Lhasa]] ta syn haadsit makke. Under [[Kry-srong-Ide-btsan]] (± 755-795]] stie Tibet op it toppunt fan har macht, it strekke har doe nei it westen út oant de [[Pamir]], en nei it suden oant de [[Golf fan Bengalen]]. Yn dy tiid krige it [[Lamaïsme]] der fêste foet. Op de ein [[9e ieu]] foel it ryk wer útienútein.
 
Fan de [[13e ieu|13e]] oant de [[18e ieu]] stie Tibet ûnder [[Mongoalen|Mongoalske]] soevereiniteit. Yn [[1270]] makke de Mongoalske keizer fan Sina [[Kûbilay Khan]] de lama fan it kleaster Saskia oan him ûnderhearrich. Dêrmei set in rige fan prysterkeningen útein. Yn it begjin fan de 15e ieu stiftet [[Tsjong-Ka-pa]] de sekte fan de gielmutsen (tsjinoer de readmutsen , de oanhingers fan it earspronklikeoarspronklike Lamaïsme. Ien fan syn learlingen [[dGehdun-grubpa]] wie de earste [[dalay lama]]. Yn 1641 krige de dalay lama ek wrâldske macht. Nei [[1720]] hat Sina har macht oer Tibet útwreide en it lân stadichoan ôfsletten foar bûtenlanners. Fanwege de pro-Russyske hâlding fan de dalay lama stjoerde [[Feriene Keninkryk|Grut Brittanje]] yn [[1904]] in militêre ekspedysje fanút Yndia nei Tibet dy't de Lhasa besette. Dat jier kaam de saneamde [[Lhasa-konvinsje]] ta stân dêr't Grut-Brittanje hânnelsfoarrjochten by bedonge en de soevereiniteit fan Sina oer Tibet erkende.
 
Nei in opstân tsjin Sina yn [[1918]] waard Tibet ûnôfhinklik. Doe Tibet nei de festiging fan de Sineeske Folksrepublyk yn [[1950]] stribbe nei kontakt mei [[Yndia]] lutsen de Sinezen it lân binnen. Yn 1951 kaam in ferdrach ta stân dêr't û.o. yn bepale waard dat Tibet in part fan Sina wêze soe. In opstân fan de befolking waard yn [[1959]] fûleindich delslein dêr't mear as 100.000 Tibetanen by omkommen soene, goed 80.000 ynwenners flechte fuort. De dalay lama flechte fuort nei Yndia. Op [[1 septimber]] [[1965]] waard Tibet ta in autonome regio fan de Sineeske Folksrepubyk ferklearre.