.frl: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
fan itnijs.nl
 
No edit summary
Rigel 1:
'''.frl''' is in topleveldomeinnamme op [[ynternet]]. De .frl liket yn 2013 los te kinnen.
'''.frl''' is in topleveldomeinnamme op ynternet. It kommersjele bedriuw Mijndomein.nl sette yn 2012 de oanfraach troch foar it topleveldomein ICANN, de organisaasje dy’t de topleveldomeinen útjout. Mei de .frl de Fryske ynternet-community (mienskip) fersterke wurde. Yn 2011 wie der in soad argewaasje doe't de provinsje Fryslân fan doel wie om de domeinnammme te keapjen foar hast in pear miljoen euro.
De .frl liket yn 2013 los te kinnen.
 
== Skiednis ==
Yn 2008 makke de [[ICANN]] wrâldkundich dat it mooglik wie om nije topleveldomeinnammen oan te freegjen. Yn it koälysje-akkoard fan de koalysje-partijen yn de Provinsjale Steaten fan de provinsje Fryslân wie binnen it ûnderdiel 'digitale snelwei' de ambysje opnommen om in .frl-ekstinsje te realisearjen.<ref>Brief oan Provinsjale Steaten (fan de provinsje Fryslân), registraasjenûmer 968487, ûnderwerp: Realisaasje Frysk Top Level Domein (.frl-ekstinsje)</ref> Realisaasje Frysk Top Level Domein (.frl-ekstinsje)]</ref> Yn 2011 en 2012 wienen der ferskate diskusjes oer it al of net keapjen fan de topleveldomeinnamme .frl troch de [[provinsje Fryslân]]. Yn febrewaris 2012 wiisden Provinsjale Steaten in foarstel fan Deputearre Steaten foar sa'n ekstinsje ôf, omdat it tefolle kostje moast.<ref>Omrop Fryslân webnijs: [http://www.omropfryslan.nl/nijs/mooglik-frl-ekstinsje Mooglik .frl ekstinsje]</ref> Nei it beslút fan Provinsjale Steaten naam it kommersjele bedriuw Mijndomein.nl it inisjatyf om it fersyk by de ICANN dochs yn te tsjinjen.<ref>Nijsstik fan Mijndomein.nl: [http://nieuws.mijndomein.nl/2012/03/20/mijndomein-vraagt-frl-aan-voor-de-friezen/ Mijndomein vraagt .FRL aan voor de Friezen: It Giet Oan!]</ref>
 
== Merk ==
Net allinnich yn de provinsje Fryslân, mar ek yn de oare [[Fryslân (wengebiet)|Fryslannen]] is der mooglik belangstelling foar de ynternetekstinsje. Yn april 2012 waard bekend dat Mijndomein.nl neigean woe hoe’t de Friezen yn East- en Noard-Fryslân (respektivelik 800.000 en 160.000 ynwenners) it bêste berikt wurde kinne.<ref>[http://itnijs.nl/2012/04/frl-giet-troch/?mc= .frl giet troch] op de webside fan [[It Nijs]]</ref>
 
== Registraasje ==
De earste moannen kinne saneamde ‘merkrjochthâlders’, organisaasjes en partikulieren dy’t har namme registrearre hawwe, har ynskriuwe. Dêrnei wurde bedriuwen mei in haadfêstiging yn Fryslân en fansels de ynwenners sels aktyf oanskreaun. Elkenien kin dan in .frl krije. Dêrnei sille ek Friezen om utens en oaren de mooglikheid krije te registrearjen. Fia koartingskoades sille minsken tsjin in goedkeap taryf fan in pear euro in .frl bemachtigje kinne. Sa wurdt ek de konkurrinsje oangongen mei de .nl domeinnammen. Der wurdt op priis konkurrearre, mar ek mei in grutte promoasje-aksje yn de begjintiid.
 
It is fan belang dat it .frl topleveldomein in goede en betroubere namme krijt. Fia saneamde akkreditearre ‘registars’ (bedriuwen dy’t de websiden ferkeapje) en in helder belied om gjin fersmoarging fan it domein te krijen, moat dat slagje.
 
{{boarnen|boarnefernijing=
Nijsgjirrige eleminten binne dat it .frl domein de mooglikheid krijt om mei spesjale tekens lykas in kapke of streekje op letters te wurkjen (bygelyks in kapke op de a fan Fryslân). By de .nl is dat no net mooglik. Ek sille minsken aansens de mooglikheid krije om websiden yn it Frysk te registrearjen. By Mijndomein.nl wurkje in tal minsken dy’t Frysk prate en/of skriuwe kinne sadat Fryske uteringen en aksjes safolle mooglik yn eigen hûs útfierd wurde kinne.
<references/>
 
}}
Mijndomein.nl wol noch al neigean hoe’t de Friezen yn East- en Noard-Fryslân (respektivelik 800.000 en 160.000 ynwenners) it bêste berikt wurde kinne.
 
[[Kategory:Ynternet]]