Gitersken: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Aliter (oerlis | bydragen)
L Giteren
No edit summary
Rigel 2:
De '''Gitersken''' binne ynwenners fan [[Giteren]] yn [[Oerisel]]. Sûnt de [[18e ieu]] binne in soad Gitersken nei Fryslân komt as feanters.
 
== Giteren ==
De ynfloed fan de Gitersken is noch altyd te merkbiten. Se hienen net allinnich ynfloed op it lânskip mar ek op de gearstalling fan de befolking. In soad efternammen komme fan dizze "gastarbeiders" út dy hoeke fan Oerisel: Krikke, Knobbe, Knol, Kroes, Dam, Groen, Vonk, Poepjes, Wind, Meester, Vos, Snijder, Toering, Akkerman, Ruiter, Ketellapper, Mast of Otter. Ek troch it ferneamen fan de âlden kamen in soad foarnammen nei Fryslân: Aaltje, Grietje, Margje Geertje of Annigje en foar jonges Albert, Roelof of Wieger. Mar ek namen se de taal fan dy kanten mei, it "Turftraperstaaltsje" beynfloede de taal yn plakken as [[Bantegea]], [[Lúnbert]] en [[Tsjalbert]].
Om it jier 1200 hinne setten leden fan de [[Flagellanten]] har nei wenjen yn it feangbiet dêr't it hjoeddeistige Giteren diel fan is. Sy makken fan it gebiet de earste feankolony fan Nederlân. Yn de fjirtjinde ieu waard der in katolike tsjerke yn Giteren boud. Yn de twadde helte fan de sechtjinde ieu kamen de [[Dopersken]] nei Giteren ta. Giteren wie yn de midsieuwen ûnderdiel fan it Oerstift, dat ûnder de [[Biskoppen fan Utert|Bisdom utert]] foel. De [[Fryske frijheid]] lûkt dan wol guon kriten bûten de Fryske lannen oan, ek Giteren wurdt yn it [[Traktaat fan de Sân seelannen]] neamd as ûnderdiel fan it fjirde Fryske seelân.
 
== Feanterij ==
Doe't it [[heechfean]] ôfgroeven wie, wie it [[leechfean]] oan bar. Mei de Gitersken kamen ek minsken út Drintske doarpen as Wanperfean nei de gritenijen [[Haskerlân]] en [[Skoatterlân]] en it [[Lege Midden]] fan Fryslân. Troch de [[feepest]] wiene der in soad boeren dy't harren lân goedkeap ferkeapje woene. Doe't der dêrnei mear fraach kaam nei stienkoal, en minder nei turf, en kaam der in soad earmoede en dêrmei sosjale spanningen.
 
Line 11 ⟶ 13:
[[Grytman]] [[Johan Vegelin van Claerbergen]] warskôge doe al foar it gefaar foar oerstreaming en it ferswakjen fan de diken troch dizze grutte feanplassen. Hy kaam hjirmei tsjinoer de Gitersken te stean dy't graach safolle mooglik turf meitsje woenen. Yn febrewaris [[1825]] soarge in hurde stoarm foar grutte oerstreamings dy't de diken fan de Sudersee stikken sloech. It sâlte wetter kaam oan [[De Gordyk]] en [[Langsweagen]] oant [[Drachten]] en [[Beetstersweach]] Fryslân yn. De earmoede waard doe noch grutter en wie yn de [[19e ieu]] op syn slimst. Museum [[It Damshûs]] yn [[Nij Beets]] jout hjir in byld fan.
 
== LiteratuerYnfloed ==
De ynfloed fan de Gitersken is noch altyd te merkbiten. Se hienen net allinnich ynfloed op it lânskip mar ek op de gearstalling fan de befolking. In soad efternammen komme fan dizze "gastarbeiders" út dy hoeke fan Oerisel: Krikke, Knobbe, Knol, Kroes, Dam, Groen, Vonk, Poepjes, Wind, Meester, Vos, Snijder, Toering, Akkerman, Ruiter, Ketellapper, Mast of Otter. Ek troch it ferneamen fan de âlden kamen in soad foarnammen nei Fryslân: Aaltje, Grietje, Margje Geertje of Annigje en foar jonges Albert, Roelof of Wieger. Mar ek namen se de taal fan dy kanten mei, it "Turftraperstaaltsje" beynfloede de taal yn plakken as [[Bantegea]], [[Lúnbert]] en [[Tsjalbert]]. Nammen as [[Jobbegea]] (''Jobbinga''), [[Aldskoat|Ald-]] (''Olde-'') en [[Nijskoat]] (''Nijeschoot'') binne lettere ferfryskings fan oarspronklik Saksyske nammen.<ref name="Tusken talen oer de Gitersken">[[Reitze Johannes Jonkman]] & [[Arjen Versloot|Arjen Pieter Versloot]]: ''Tusken talen'', Utjouwerij Fryslân, 2008, siden 101-103, ISBN 978-90-6273-800-7</ref>
 
== Taalgrins ==
[[Ofbyld:Taalgrensmonument.jpg|thumb|Taalgrinsmonumint]]
Nei alle gedachten wurdt Skoatterlân yn de rin fan de [[midsieuwen]] foar it meast Frysktalich en dêrtroch wie de Tsjonger in frij skerpe taalgrins tusken it Fryske en Saksyske gebiet. Fan [[Surhuzum]] nei it suden ta, leit oant djip yn de njoggentjinde ieu in brede stripe fean en heide, mei yn it suden de brede Tsjongerdelling as skieding mei it Stellingwerver taalgebiet.
 
Nei 1750 ûntstean noardlik fan it [[Tsjonger]] net-Frysktalige enklaven troch de komst fan de Gitersken. Yn doarpen as [[Sint Jansgea]], [[Rotsterhaule]], [[Stobbegat]] (letter Vegelinsoard), [[Dolsterhuzen]], [[Ychten]], [[Lúnbert]] en [[Tsjalbert]] wennet dêrtroch nei 1750 in grut oanpart net-Frysktaligen, soms sels in mearderheid. De taalgrins is om 1850 dus abslút net skerp: yn it hiele gebiet fan Lemsterlân, Skoatterlân, [[Anjewier]] en Eaststellingwerf wurde Frysk en Saksysk neist elkoar brûkt.
 
De Tsjonger is yn de tweintichste ieu wer in dúdlike taalgrins wurden. De neiteam fan de Gitersken gong op it Frysk oer.<ref name="Tusken talen oer de Gitersken">[[Reitze Johannes Jonkman]] & [[Arjen Versloot|Arjen Pieter Versloot]]: ''Tusken talen'', Utjouwerij Fryslân, 2008, siden 101-103, ISBN 978-90-6273-800-7</ref>
 
{{boarnen|boarnefernijing=
<references/>
'''Literatuer:'''
*{{Aut|Jochem Kroes}} - De Gietersen in Friesland, Ljouwert, 1996.
}}
 
[[Kategory:Giteren]]