Gerrit Roorda: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
tf
L [[]]
Rigel 6:
Yn [[1919]] kaam hy werom yn Nederlân en waard mei troch de ynfloed fan [[L. de Visser]] lid fan de [[Kommunistyske Partij Hollân]] (CPH), dy't doe krekt oprjochte wie. Roorda kaam yn [[Amsterdam]] te wurkjen en hie in goed kontakt mei de partijlieding. Yn [[1922]] kaam hy yn Fryslân werom, dêr't er him kenne liet as stakingslieder, sawol yn de bou as yn de wurkferskaffing. Hy rjochte in pleatslike CPH-ôfdieling op en waard yn [[1927]] yn de gemeenteried fan [[Opsterlân]] en yn de Provinsjale Steaten keazen, dêr't hy him sterk makke foar de posysje fan wurkleazen. Yn 1939 makke hy in reis nei de [[Sovjet-Uny]].
 
As meiwurker fan it yllegale kommunistyske blêd [[Het Noorderlicht (krante)|Het Noorderlicht]] waard hy yn maart 1941 arrestearre troch de besetter, en yn [[SchoorlKamp Skoarl]] ynternearre, dêr't hy nei oardel moanne wer frijlitten waard. Fanwege help oan [[ûnderdûker]]s waard Roorda yn de simmer fan [[1944]] opnij fêstsetten, yn in kamp yn Grinslân. Dêrút koe hy lykwols ûntsnappe en troch ûnder te dûken koe hy oant de befrijing fierder út hannen fan de Dútsers bliuwe.
 
Nei de befrijing waard hy wer aktyf foar de [[CPN]], mar Roorda fersette him tsjin ferskate stânpunten fan de partijlieding, wat him dêrmei yn hieltiten fûlder konflikt brocht. Roorda wie lykwols populêr, en wist opnij yn de gemeenteried en yn de [[Provinsjale Steaten]] fan Fryslân keazen te wurden. Dochs ferhurde it konflikt en úteinlik waard Roorda by de ferkiezings yn 1949 út de partij setten, wêrnei't er him oansluet by de [[Sosjalistyske Uny]]. Dy partij rôp ein jierren fyftich op ta it lidmaatskip fan de [[Pasifistysk Sosjalistyske Partij]] (PSP), dêr't Roorda úteinlik yn [[1966]] foar bedankte. Hy bleau him lykwols nau belutsen fiele by de wrâldpolityk fanút in kommunistyske fyzje, en engasjearre him ûnder mear mei it ferset tsjin de [[Fietnamoarloch|oarloch yn Fietnam]].