Bûns: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L yw
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
oanfolling nl:
Rigel 2:
 
De namme komt ek foar as ''Boensera hem, Boens, Bons'' en ''Bonze''.
De lannen fan Bûns foarmen in ôfsûnderlik territoarium, de [[Bûnzerhim]], dy't trochsnien waarden troch de [[Bûnzerdyk]]. De buorskip lei yn de [[himrik]] fan it doarp [[Ysbrechtum]]. Bûns waard mei de [[Himdyk (Middelsee)|Himdyk]] ferbûn troch de [[Bûnzerleane]].
 
De namme Bûns komt fan de efternamme fan de bewenners: Bonne. Letter binne hjir de nammen [[Bottinga]] en [[Bonninga]] fan ôflaat. De lêste beide geslachten wennen ek yn Bûns.
 
De buorskip bestie al yn de [[9e ieu]] en eli op in [[terp]]. It doarp hie gjin tsjerke, mar wol in eigen [[begraafplak]] mei fjouwer grêven. Yn de buorskip stie stinswier [[Bûnzerwier]] en in tal pleatsen. De buorskip skonk yn de [[10e ieu]] guod oan it Dútske kleaster [[Fulda (stêd)|Fulda]]. Yn de geskriften fan it kleaster wurdt Bûns lykwols as Bottinge werjûn. It plakje komt yn [[1447]] yn it nijs neidat der in wapene konflikt bard wie tusken [[Bocka Harinxma]] en ''Hessel op deen Heemdyck''. Hjirby foelen deaden en ferwûnen. Harinxma naam de [[stins]] fan Hessel yn en hâlde dêrby inkele oaren finzen.
 
It plakje wie oant yn de fyftjinde ieu bewenne.
 
Om [[1990]] is argeologysk ûndersyk dien op de lokaasje fan it plakje. Hjirnei is de hchte dêr't it op lei sljochte foar de oanlis fan [[Yndustrieterrein De Himmen]]. Fan it doarp is no neat mear te sjen, útsein in depresje yn de ûndergrûn. Allinnich fan de Bûnzerleane is noch in stikje oer, op de jhichte fan de hjioeddeiske pleats. De rest is ferdwûn ûnder de nijbou fan de [[Zadelmakerstrjitte]].
 
== Sjoch ek ==
Line 7 ⟶ 16:
 
{{Boarnen|boarnefernijing=
* {{Aut|[[Karel F. Gildemacher]]}}, "Friese Plaatsnamen", Ljouwert, Friese Pers Boekerij 2007, ''Bons''
* [https://sites.google.com/site/halbertsmasneek/system/app/pages/search?q=Vernietigd+Bons+geeft+haar+geheimen+prijs+&scope=search-site Rige artikela oer Bûns troch [[Herre Halbertsma]]]
* [https://sites.google.com/site/stinsensneek/ijsbrechtum/bonserwier Archeos: Bûnserwier]
}}
 
{{Koördinaten|53_1_45.4_N_5_37_59.35_E_scale:3125_type:landmark_region:NL|53° 1' 45" NB 5° 37' 59" EL}}
[[Kategory:Plak yn Súdwest-Fryslân]]