Harich: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
oanfolling
oanfollinkje
Rigel 15:
Harich wie eartiids it bestjoerlik sintrum fan Gaasterlân. De mitsele toer yn de buorren is út de [[12e ieu]]. De tsjerke is fan [[1663]]. Boppe de doar fan it tsjerke sit in stien dy't ferwiist nei it ynstoarten fan'e tsjerke troch in stoarm yn [[1662]]. Oan beide kanten fan de stien stiet in earn mei in iketûke yn'e snaffel en it wapen fan Harichster Dr. [[Johannes Scheltinga]]. De Wyldemerk besuden it doarp wie eartiids in bekend merkeplak. Yn de fytiger en sechtiger jierren wie by it doarp in [[ambonezekamp]].
 
Harich is fan âlds in boeredoarp dat ûntstie oan de âlde trochgeande wei fan Koudum nei [[Wâldsein]]. De wei rint op de râne fan it Gaasterlânske sân wêrtroch der hichteferskil is tusken de noard- en súdkant. De namme komt ek foar as ''Harg(h)'', ''Horch'', ''Haerych'' en ''Harig''., en is ôflaat fan it Germaanske ''Harag'', dat timpel betsjut en wiisd op in âlde heidensk kultusplak by de Friezen.

Harich bestie earst út fjouwer dielen: de Westerein, de Frisbuorren, de Tsjerkebuorren en de Lorbuorren. It doarp hie earder in eigen [[gersdroegerij]].
 
== Mienskip ==