Bûn fan Fryske Fûgelwachten: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
L [[]]
Rigel 1:
It '''Bûn fan Fryske Fûgelwachten''', koartwei BFVW, is in feriening fan minsken dy't har soargen makken oer de bedrigings fan de frije natoer en de greidefûgels yn it bysûnder. Yn en fuort nei de oarloch[[Twadde Wrâldoarloch]] waarden der sa'n ôfgryslike soad aaien socht dat de pleatslike fûgelwachten yn [[1947]] byinoar stapt binne yn in nije koepelorganisaasje.
 
It aaisykjen waard beskerme en beheind ta in koartere tiid. De 'neisoarch' krige ek omtinken.
 
== Greidefûgelbehear ==
It meastepart fan de aktiviteteiten van de BFVW is noch altiten rjocyhterjochte op de beskerming fan de Fryske greidevogels. Dêrby binne twa útgongspunten liedend. Yn it earste plak wolle de Fryske fûgelwachters greidevogels besermje yn nau oerlis en harmonij mei boeren. Boeren spylje in wichtige rol by it greidefûgelbehear fan greidevogels. It saneamde [[agrarysk natoerbehear]] moat sadwaande stipe wurde; 80% fan de greidefûgels briedt ommers op boerelân. Yn it twadde plak is it systeem fan ''neisoarch''. Dat de Fryske fûgelwachters der foar kieze om greidefûgelbeskerming te kombinearjen mei aaisykjen út de earste lis, benammen fan ljippen, jout ferplichtings. Nei it aaisykjen is de neisoarch fan grut belang. De greidefûgelwachten moatte de ferfolchaaien respektearje en moatte ek fierder in respektfolle hâlding hawwe.
 
Dizze beideBeide útgongspunten hawwe de BFVW nochal ris yn konflikt brocht mei oare fûgelbeskermers. De measte fûgelbeskermers wize it aaisykjen ôf en sjogge leaver [[foarsoarchprinsipe|foarsoarch]] as neisoarch. SESe kritisearje boppedat de yn harren eagen goedwollende hâlding fan de BFVW foar de boeren oer en de dêrmei gearhingjende averzje tsjin [[natoerreservaat |reservaten]] fan [[Steatsboskbehear|SBB]]. Lêstens binne se der net sa entûsjast oer dat de BFVW de jacht op [[Foks]]senen en [[rôffûgel]]s propagearret. De BFVW beskôget de [[predaasje]] fan foksen en rôffûgels as in wichtige oarsaak fan de weromrinnende oantallen greidefûgels, wylst de measte fûgelbeskermers de moderne agraryske wize fan buorkjen as haadskuldige oanwize en dêrom reservaten bepleitsje.
 
== Oare aktiviteiten ==
Neist oan greidefûgels jout de feriening ek omtinken oan oare eleminten fan de Fryske floara en fauna, al is it meast oan de avifauna. Dêrbinnen is der spesjale oandacht foar de [[tsjerkûleltsjerkûle]], [[toerswel]]len, de [[blaustirns]] en de [[Patriispatriis]].
De aktiviteiten rinne fan politike lobby, rjochte op bettere regeljouwing en edukaasje, oant tige praktyske beskermingsaktiviteiten lykas it ferbetterjen fan de nêstgelegenheid yn it boerelân en op pleatsen.
 
== Organisaasje ==
De BFVW hat 117 fûgelwachten mei om de 25.000 leden. Mear as 5100 leden binne yndie belutsen by de praktyk fan de greidefûgelbeskerming. Se hawwe oant 1 april fergunning om in kwotum [[Ljipaaisykje|ljipaaien]] te mei te nimmen. De feriening jout it blêd 'Vanellus' út. Sûnt 2004 is der in profesjonele beliedsmeiwurker op it Bûnsbureau yn [[Earnewâld]]. Neist in haadbestjoer binne der meardere kommisjes, foar PR, Edukaasje, Neisoarch (greidefûgels) en Broedsoarch (oare fûgels).
 
{{boarnen|boarnefernijing=