Wolf: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
red
Rigel 1:
[[Ofbyld:CMM MexicanWolf.jpg|thumb|''De wolf lykas er yn Meksiko te finen is'']]
De '''wolf''' is in rôfdier en in sûchdier út 'e famylje fan 'e hûnêftigen, ''Canidae''. Syn [[Latyn]]ske namme is ''Canis Lupus''. Se kinne in soad kleuren hawwe, fan hielendal wyt oant reabrún. Der binne ek swarte eksemplaren. In wolf is sa likernôch (kop-sturt) 2 meter lang. In wolf yt alles, griente útsein. Se libje yn ridels, dy't kwa grutte ferskille kinne en wêrfan't de wichtichste wolven út 'e ridel it alfa-mantsje en it alfa-wyfke binne. Wannear't der folle fiedsel te finen is, binne de ridels grutter. Se jeie tegearremei-elkoar op wyld.
 
== Wengebiet ==
Yn de ferskate Europeeske lannen nimt it tal wolven stadichoan wer ta. Dat is it gefal yn Spanje, Tsjechje, Sloveenje, Kroaasje en Slowakije. Troch it genetysk ferskaat wurde de wolven yn Skandinaavje as bedrige kategorisearre.<ref>[http://www.wissenschaft.de/wissenschaft/news/249720.html Zu enge Familienbande unter skandinavischen Wölfen] artikel fan de webside wissenschaft.de</ref> Neffens it Sweedske Rôfdiersintrum soenen der yn 2008 sa'n 180 wolven yn Sweden en Noarwegen west ha. Yn lannen as Frankryk en Switserlân is de wolf weromkommen.
 
Yn Dútslân binne spoaren fan in wolf fûn yn de dielsteat Noardryn-Westfalen. Yn de dielsteat Nedersaksen ferwachtsje saakkundigen foar 2015 de earste wolfsridel. Yn 2011 wienen der yn it easten fan Dútslân alve ridels. De wolven yn de dielsteaten [[Noardryn-Westfalen]] binne singelier en nei ferwachting sille de earste wolven yn [[Nedersaksen]] dat ek wêze.
 
De lêste wolf yn de provinsje Fryslân is yn [[1712]] by Wolvegea deasketten.<ref>Omrop Fryslân: [http://www.omropfryslan.nl/nijs/l%C3%AAste-fryske-wolf-300-jier-lyn Lêste Fryske wolf 300 jier lyn]</ref> Yn 1772 waard yn it súdeasten fan de Grinzer Ommelannen de lêste wolvejacht holden. Yn East-Fryslân wurdt yn 1738 yn de omkriten fan Jever in wolf deasketten.<ref>It Nijs: [http://itnijs.nl/2011/08/wolven-togje-op-fryslan-oan/ Wolven tsjogge op Fryslân oan]</ref> As de wolf wer nei Fryslân komme soe, sil der nei alle wierskyn út it eastlike Dútslân wei komme.