Wikipedy:Skiednis fan Wikipedia: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Aliter (oerlis | bydragen)
It wurd wikipedy mei in lytse letter at it net as namme brûkt wurdt. Kopkes,ûntwikkeling
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
LC 28 april side 33
Rigel 2:
 
== Nupedia ==
It begjin fan de '''Wikipedia''' wie in petear tusken twa âlde [[ynternet]]freonen, [[Larry Sanger]], haadredakteur fan [[Nupedia]] en [[Ben Kovitz]], in [[kompjûter]]programmeur en bêta-wittenskipper, op de jûn fan 3 jannewaris [[2001]] yn [[San Diego]], [[Kalifornje]]. Kovitz wie op dat stuit dwaande mei in oar [[Wikipedy:Wat is in wiki|wiki]]-projekt, en doe't hy it konsept oan Sanger útlei, betocht dy fuortendaalks dat in wiki tige geskikt wêze koe foar it opsetten fan in projekt dat iepener, en net sa formeel, wie as Nupedia. Fjouwer moanne earder hiene Sanger en syn baas Jimmy Wales, presidint-direkteur fan Bomis, Inc., al ris praat oer op hokfoar wize njonken Nupedia in iepener, oanfoljend projekt te begjinnen wie. Dus wie it net sa'n probleem foar Sanger en bepraat Wales en begjin in wiki foar Nupedia. Wiki is ít Hawaiaanske wurd foar 'fluch'. Nupedia's earste wiki waard aktyf op 10 jannewaris 2001. Mar fan de kant fan de skriuwers en redakteuren fan Nupedia kaam protest tsjin in plan om Nupedia sa bot oan in [[webstee]] yn wikifoarm te ferbinen. Dêrom krige it nije projekt op 15 jannewaris de namme 'Wikipedia', en in eigen adres op it web.
 
== Earste wikipedy ==
Rigel 17:
 
Op de Frysktalige wikipedy kinne de minsken fan Bomis fansels net sa maklik sjen oft alles noch giet sa't it bedoeld wie, om't se de taal net lêze kinne. Dat eltsenien dy't meidocht is hjir in bytsje meiferantwurdlik foar it rinnen fan it projekt. (Mar sjoch it [[Wikipedy:Foarbehâld|Foarbehâld]].) Diskusjes oer de foarm en ynhâld dy't mear as ien wikipedy oangean, wurde fierd op de oanbelangjende Ingelsktalige oerlissiden (sjoch ûnderoan [http://en.wikipedia.org harren haadside]). Belied, rjochtlinen, en dat soarte fan dingen wurde behannele op de Wikipedia diskusjelisten.
 
== Oer it logo ==
Yn it earstoan wie der gjin logo, allinnich in Amerikaanske flagge. Doe kaam in tekstke fan Lewis Carroll sjoen troch in fiskeëachlins. Mar nammerste ynternasjonaler de Wikipedia waard, hoe minder geskikt oft soks wie. Yn elke taal waard mar wat oangriemd mei logo's. Dus kaam der in wedstriid: Paul Stansifer kaam yn [[2003]] mei tekst, op in bol fan kleure puzelstikjes. Dat wie it idee. David Friedland ferfong de kleuren troch griis en de wurden troch leters.<br>
Yn 2010 waard it net-foltôge puzelboltsje fernijd: in letter út de fantasijtaal Klingon makke romte foar in Etiopyske en ek waard fêststeld hokker letters op de 'efterkant' fan de bol steane. Yn totaal binne dat 51. Dêrmei is it wer in stik kompleter wurden, al bliuwt de iepen boppekant oanjaan dat it wurk altiten troch giet.
----
Sjoch ek de [[Wikipedy:FAQ|FAQ]].