Marijke Jongbloed: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
oanf
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
LC-argyf
Rigel 1:
'''Marijke Jongbloed''' ([[Hallum]], [[1956]]) is in Nederlânske dokumintêremakster. As regisseur wie Marijke Jongbloed ferantwurdlik foar programma's as ''Het Uur van de Wolf'', ''Hartfilm'' en ''Dans voor het leven''.
 
GieGroeide op yn Hallum as neikommerke yn in húshâlding mei fiif bern. Har heit is dêr haad fan de kristlike skoalle. Op har trettjinde begjint se te fotografearjen en wurket in jier yn it fotosaak. Tsjin it sin fan har âlden giet se fan 1976-1980 nei de Nederlânske Film en Televyzje-akademy yn Amsterdam en folge in tal workshops en trenings. Har eineksamenfilm ''Stap foar Stap'' joech in soad opskuor omdat se in ambisjeus balletfamke skerp stal joech. De film waard ynstjoerd as Nederlânske dokumintêre-ynstjoering foar de Oscarnominaasjes in Los Angeles. Yn 1989 wûn se de senariopriis op it Ynternasjonale Dokumintêre Festival yn Amsterdam (IDFA) oer de keunstwrâld yn New York, (Art Merry-go-Round). Films fan har waarden útbrocht foar de bioskoop, eardat de meast ferkoarte ferzje op televyzje útstjoerd waard. Yn 1996 wie de premiêre fan it fjouwerlûk 'Fatal reaction' op it Nederlânsk Filmfestival yn Utert.
 
Neist films meistjen wurke se ek in soad foar televyzje. Sa wurke se foar VPRO ''Diogenes'' en makke se foar de HOS koarte reportaazjes, fan de lêste revolúsjes foarôfgeand oan de fal fan it Izeren gerdyn oant it folgjen fan strjitbendes.
Rigel 35:
* [http://www.marijkejongbloed.com/bio.swf Website Marijke Jongbloed]
* [http://www.directorsguild.nl/leden/profiel/761&row= Oer Marijke Jongbloed]
* Ljouwerter Krante, 13 april 2002
}}
[[Kategory:Nederlânsk regisseur]]