Marijke Jongbloed: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
ôfbyld der by
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
stred
Rigel 5:
As ûnôfhinklik filmmakster wie Marijke Jongbloed ferantwurdlik foar programma's as ''Het Uur van de Wolf'', ''Hartfilm'' en ''Dans voor het leven''.
 
Groeide op yn Hallum as neikommerke yn in húshâlding mei fiif bern. Har heit is dêr haad fan de kristlike skoalle. Op har trettjinde begjint se te fotografearjen gie nei har eineksamen oan it Lienward College nei Grinslân dêr't se twa jier by in Yndustrieelyndustrieel fotograaf wurke yn [[Hoogezand]]. Tsjin it sin fan har heit giet se fan 1976-1980 nei de Nederlânske Film en Televyzje-akademy yn Amsterdam en folge in tal workshops en trenings.
 
Har eineksamenfilm ''Stap foar Stap'' joech in soad opskuor. It wie foar de earste kear der dwers troch de balletspegel hinne filme waard en de skaadkanten fan de balletwrâld oan bod kamen. Dat kaam hurd oan omdat de oant doe beskerme wrâld har sels leafst as licht, estetysk en high culture dwaande wie, wêryn alles tastien wie om ta dat hegere doel te kommen. De film waard ynstjoerd as Nederlânske dokumintêre-ynstjoering foar de Oscarnominaasjes inyn [[Los Angeles]].
 
Yn [[1989]] wûn se de senariopriis op it Ynternasjonale Dokumintêre Festival yn Amsterdam (IDFA) oer de keunstwrâld yn New York, (Art Merry-go-Round). Films fan har waarden útbrocht foar de bioskoop, eardat de meast ferkoarte ferzje op televyzje útstjoerd waard. Yn [[1996]] wie de premiêre fan it fjouwerlûk 'Fatal reaction' op it Nederlânsk Filmfestival yn [[Utert (stêd)|Utert]]. Dêrnei joech se noch les op de Filmakademy.
 
Neist films meistjen wurke se ek in soad foar televyzje. Sa wurke se foar VPRO ''Diogenes'' en makke se foar de HOS koarte reportaazjes, fan de lêste revolúsjes foarôfgeand oan de fal fan it Izeren gerdyn oant it folgjen fan strjitbendes.