Marijke Jongbloed: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
stred
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
]] red
Rigel 5:
As ûnôfhinklik filmmakster wie Marijke Jongbloed ferantwurdlik foar programma's as ''Het Uur van de Wolf'', ''Hartfilm'' en ''Dans voor het leven''.
 
Groeide op yn [[Hallum]] as neikommerke yn in húshâlding mei fiif bern. Har heit is dêr haad fan de kristlike skoalle. Op har trettjinde begjint se te fotografearjen gie nei har eineksamen oan it [[Lienward College]] nei Grinslân dêr't se twa jier by in yndustrieel fotograaf wurke yn [[Hoogezand]]. Tsjin it sin fan har heit giet se fan [[1976]]-[[1980]] nei de Nederlânske Film en Televyzje-akademy yn Amsterdam en folge in tal workshops en trenings.
 
Har eineksamenfilm ''Stap foar Stap'' joech in soad opskuor. It wie foar de earste kear der dwers troch de balletspegel hinne filme waard en de skaadkanten fan de balletwrâld oan bod kamen. Dat kaam hurd oan omdat de oant doe beskerme wrâld har sels leafst as licht, estetysk en high culture dwaande wie, wêryn alles tastien wie om ta dat hegere doel te kommen. De film waard ynstjoerd as Nederlânske dokumintêre-ynstjoering foar de Oscarnominaasjes yn [[Los Angeles]].
Rigel 13:
Neist films meistjen wurke se ek in soad foar televyzje. Sa wurke se foar VPRO ''Diogenes'' en makke se foar de HOS koarte reportaazjes, fan de lêste revolúsjes foarôfgeand oan de fal fan it Izeren gerdyn oant it folgjen fan strjitbendes.
 
Yn [[1978]] makke se foar [[Omrop Fryslân]] de dokumintêre 'Alle dagen snein' oer [[Ruurd Wiersma]] foar de IKON, twa jier foar syn ferstjerren.<br>
 
== Filmografy ==