Hoarnstersweach: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Rigel 50:
As der yn de 14e ieu striid is oer de pacht fan de healannen by Iselham tusken de [[biskoppen fan Utert]] en [[Stellingwerven|Stellingwerf]] en [[Skoatterwerf]] rekket dat ek Hoarnstersweach. Rûn 1408 moat Hoarnstersweach 30 [[âlde skyld]]en fan 33 Flaamske Grooten (totaal 990 Flaamske Grooten) betelje oan biskop [[Freark III fan Blankenheim]].
 
Of Hoarnstersweach lest hie fan soldaten fan it Spaanske leger yn [[Stienwyk]] yn de [[Tachtichjierrige Oarloch]], dy't ek plonderden yn Skoatterlân, is ûnbekend. De grytman [[Tinco vanfan Oenema]] stelt dan foar Hoarnstersweach fiif doarpswachters oan. Oant [[1622]] bliuwt it ûnrestich yn dizze streek.
 
Yn de [[Twadde Münsterske Oarloch]] leit Hoarnstersweach efter de grutte skâns fan Makkingea, ûnderdiel fan de [[Fryske Wetterliny]]. Yn de jierren [[1672]] en [[1673]] leit Hoarnstersweach sadwaande ticht by it front fan de mannen fan de biskop fan Münster [[Bommen Bearend]] mei de Franske oerbefelhawwer Mornas tsjin de [[Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen]] mei de mannen fan [[Johan Maurits]], [[Hans Willem fan Aylva]] en de greve fan Dona.