Wurkhûs: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L r2.7.1) (Bot - derby: vi:Trại tế bần
Xqbot (oerlis | bydragen)
L r2.7.3) (Bot - oars: th:โรงทำงาน; tekstwiziging
Rigel 3:
Soks barde pas op basis fan frijwillichheid fan oanbelangjende yn de 18e en 19e ieuske wurkhuzen of 'wurkynrjochtingen foar earmen.' Guon Fryske earmhuzen wienen tagelyk wurkhuzen wylst de [[spinhûs|spinhuzen]] fan [[Warkum]], [[Boalsert (stêd)|Boalsert]], [[Snits (stêd)|Snits]] en [[Harns (stêd)|Harns]] dat type it suverst fertsjintwurdigen, yn tsjinstelling mei it Hollânske 'spinhuis' dat in frouljusfinzenis wie. Mar it Ljouwerter tichthûs wie wol in echt wurkhûs.

Yn [[Frjentsjer]] wie it earmhûs teffens wurkhûs 'om allerlei handwerken in te oefenen'.

Yn Harns krige it wurkhûs by de oprjochting daliks al de namme fan spinhûs, spinfabryk en katoen- en himpspinnerij, dêr't ek bern en âldere minderjierrigen dy't oars bidlen, yn te wurk steld waarden 'om tot de gewoonte van een eerlijke arbeid, opgeleid te worden.'

Yn Boalsert hiet it wurkhûs 'wurk- of spinhûs'; it bestie fan 1796-1870.

Yn [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]] wie soksoarte inisjatyf al earder nomd troch de oprjochting fan it stedswurkhûs oan de [[Hoek (Ljouwert)|Hoek]], dêr't ek it spinnen de foarnaamste arbeid wie oant der yn [[1715]] ek in sideweverij yn ûnderbrocht waard. Alles foar wurkferskaffing, yn leanarbeid en ta bestriding fan bidlerij.

Sels yn doarpen as It Hearrenfean en [[Balk]] wienen foar 1700 al spinhuzen of wurkhuzen. Yn [[1834]] waard it Ljouwerter Wurkhûs ferboud en útwreide foar teminsten 200 persoanen dy't dêr spinne, weve en oare arbeid dwaan koene.

Yn Snits waard it dêr yn [[1746]] oan it Suurend oprjochte Stêdsspinhûs ek troch spinbazen eksploitearre. Earst waard der seildoeksjern spûn; yn [[1749]] waard oan bûnt- en boezelreders frege om de wollen jernsoarten yn it spinhûs spinne te litten.

Yn Warkum is yn [[1757]] de gasthûstsjerke ta spinhûs en stedspakhûs ferboud.

Rigel 25:
[[ru:Работный дом]]
[[sv:Arbetshus]]
[[th:เคหสงเคราะห์และโรงทำงาน]]
[[vi:Trại tế bần]]
[[zh:济贫院]]