Kees Romkema: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L kat. derby
tf
Rigel 3:
Hy is de soan fan Tjerk Romkema ([[2 augustus]] [[1927]] - [[14 oktober]] [[2004]]) en Pietje Maria de Boer, dy't in winkel hienen dêr't naaimasinen, fytsen, radio's, waskmasjinen ensfh. ferkocht waarden. Om 1920 hinne hienen syn pake en beppe Cornelis Romkema en Rinske de Zwart de saak fan de famylje Schootstra oernommen.
 
Nei de legere skoalle yn Warkum gie er nei de LTS yn [[Koudum]] (1963-1966) en dêrnei nei de BNA Ljouwert/Grins om in oplieding te folgjen foar boukundich opsichter/tekenaartekener BNA (1973-1981). Tusken 1966 en 1976 hat er as timmerman/útfierder wurke by in oantal oannimmers (nijbou, renovaasje en restauraasje).
 
Op [[10 augustus]] 1976 is Kees Romkema troud mei Marijke Eigenraam. Se binne doe nei it Grinzer [[Uithuizermeeden]] ferfearn. Kees waard dêr haad fan de technyske tsjinst by de Stichting Woningbouw Uithuizermeeden (1976-1978). Dêrnei waard er wurklieder/bedriuwslieder by Wann, dêr't er fan syn funksje út belutsen wie by it ûntwerpen fan meubels yn gearwurking mei ferskate ûntwerpers (1978-1998).
Rigel 9:
By de Stichting Loodskotter Eems wie er boumaster. De stifting hat yn gearwurking mei de Stichting Mens en Werk te Delfsyl it ynitiatyf nommen om in replika fan in loadskotter te bouwen. It projekt wie teffens bedoeld om de jongerein oan in baan te helpen (1998-2004).
 
Yn Uithuizen hat er hjoeddedei syn bedriuw ûnder de namme "Kees Romkema Maatkunst". Yn april 1998 is er dêr mei útein set. Hy makket ynterieurs foar winkels, skoallen, (mobile) kantoaren, presentaasjepresintaasje bussen en boarger wenten. Alles wat troch syn bedriuw makke wurdt is maatwurk en is yn de gewoane winkel net te finen.
{{Boarnen|boarnefernijing=