Pim Fortuyn: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
L lyts guod
Rigel 4:
Fortuyn promovearre yn de [[sosjale wittenskippen]] en wie fan 1990 - 1995 [[bysûnder heechlearaar]] oan de [[Erasmus Universiteit Rotterdam|Erasmus Universiteit]] te [[Rotterdam]]. Fortuyn wie aktyf lid fan de PvdA oant 1989 en wie letterr [[Folkspartij foar Frijheid en Demokrasy|VVD]]-lid, mar waard bekend as listlûker fan earst [[Leefbaar Nederland]] en dêrnei syn [[Lijst Pim Fortuyn]] yn de oanrin nei de [[Twadde Keamerferkiezingen 2002]]. De kontroversjele Fortuyn waard yn maaie 2002 [[Moard op Pim Fortuyn|fermoarde]] op it [[Media Park]] te [[Hilfertsom]], njoggen dagen foar in foarspelde grutte sege fan de LPF by de ferkiezingen.
 
Syn fyzje op de [[islam]] en op it frjemdlingenbelied, mar boppe-al syn politike manier fan dwaan, foarmen foar politike tsjinstanners de oanlieding him te bestimpeljen as in [[populisme|populistysk]] politikus. De iepenlik [[homoseksualiteit|homoseksuele]] Fortuyn hie in flamboyante persoanlikheid en foel benammen op troch syn opmerklike útspraken en ûnkonvinsjolneleûnkonvinsjonele wize fan [[debat]]tearen. Mei troch de tema's dy't hy oansnied, wist hy sa it politike toaniel in heal jier lang te dominearen. Nei syn dea is syn politieke erfenis op ferskate plakken yn polityk en mienskip oernomd en sichtber wurden. Der wurdt yn dit ferbân wol sprutsen fan de ''Fortuyn-revolte'' en fan it Fortuynisme.<ref>[http://www.civismundi.nl/Civis_Mundi_opinie/wim717.doc "Fortuyn-revolte: terugblik na vijf jaar"], doorfan Wim Couwenberg, 6 maaie 2007, civismundi.nl.</ref>
 
{{boarnen|boarnefernijing=
<references/>}}
 
{{DEFAULTSORT:Fortuyn, Pim}}
<references/>
 
[[Kategory:LPF]]