Marrekrite (Ingelân): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
sa mar
L [[]]
Rigel 19:
It toerisme is fanâld in wichtige ekonomyske faktor. Toeristyske plakken binne fral [[Keswick (Cumbria)|Keswick]] (siz: 'kezzik') en [[Ambleside]].
 
De marren waarden yn it [[Viktoriaansk tiidrek]] lanlik ferneamd troch de [[Romantyk (streaming)|Romantyske]] dichters [[William Wordsworth]] (fan ''I Wandered Lonely as a Cloud''), [[Samuel Taylor Coleridge]] (fan ''Rime of the Ancient Mariner'') en [[Robert Southey]], dy't allegear in lang of koart skoft tiid yn de krite wennen en dêrom ek wol de ''[[Lake Poets]]'' neamd wurde.
 
Letter wie [[Beatrix Potter]], de tekenares en skriuwster fan de ferhalen mei ûnder oaren [[Peter Rabbit]] in ferneamde ynwenster fan Ambleside; allerhanne handel mei plaatsjes fan figueren út har wurk binne yn alle sûvenierwinkels te krijen. In attraksje wijd oan it wurk fan Beatrix Potter is te finen yn [[Bowness-on-Windermere]]. It hûs fan de dichter William Wordsworth, Dove Cottage, en zsyn grêf binne te besjen yn [[Grasmere (Cumbria)|Grasmere]].