Irakoarloch: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L kat. oars
L red. en sa
Rigel 7:
 
== Oanrin ==
Sûnt de [[Golfkriich]] fan [[1991]] holdt de ynternasjonale mienskip [[Saddam Hussein]] fan Irak yn 'e rekken. Irak waard sanksjes oplein en wapenynspekteurs fan de [[Feriene Naasjes]] holden tafersjoch. Nei de terreuroanslaggen fan [[11 septimber]] [[2001]] en de kriich yn [[Afganistan]] (operaasje Enduring Freedom en [[International Security Assistance Force|ISAF]]), waarden ek de massaferneatigingswapens fan Irak in sintraal tema yn de Amerikaanske anty terreur kampanje.
 
Foar 11 septimber 2001 wienen der ek al lûden yn it [[George W. Bush|Bush]] regear, om oare lannen oan te fallen at se in bedriging foar de nasjonale feiligens fan de Feriene Steaten wêze soenen. [[Paul Wolfowitz]] wie de earste dy't him dêroer oppenearre. <ref>[http://www.newamericancentury.org/RebuildingAmericasDefenses.pdf Rebuilding Americas Defenses] <small>''Ingelsk''</small></ref>
 
Nei [[11 septimber]] stipe it Amerikaanske folk it regear ienriedich. De neo-konservative groep, laat troch [[Donald Rumsfeld]], komt mei de saneamde Bush -doktrine dy't it bûtenlânske belied sa feroaret, dat in preventive oanfal tsjin oare lannen mooglik makke wurdt út it eachpunt fan nasjonale feiligens. By de kriich yn Afganistan wie dat net in grut probleem, mar de Irakkriich wie dreger te ferantwurdzjen foar it Amerikaanske folk en de ynternasjonale mienskip.
 
Der ha in protte wapenynspekteurs yn Irak west yn ferskillende militêre objekten. Der is gjin bewiis dat Irak massaferneatigingswapens hie. [[Dútslân]], [[Frankryk]], [[Ruslân]] en [[Sina]] hawwe har twivels oanjûn oer de helebrens fan in militêre operaasje sûnder goedkar fan de [[Feriene Naasjes]].
Rigel 27:
== Ynvaazje ==
[[Ofbyld:Iraq-War-Map.png|thumb|Militêr ferrin fan de Irakkriich.]]
De ynvaazje, "Operation Iraqi Freedom", begjint op [[20 maart]] [[2003]] om 0230 [[GMT]] mei in bombardemint op de haadstêd [[Bagdad]]. Benammen militêre doelen en Iraakske oerheidsgebouwen wienen doel fan it bombardemint. Ien dei letter wurdt Bagdad nochris swier bombardearre. Dêrnei begjint it grûnoffensyf mei in west-, east-, en noardfront. Op it westfront waarden parasjutisten dropt omdat de oare Islamityske steaten gjin Amerikaanske- of koalysjetroepen op harren grûngebiet ha woe.
 
[[Turkije]] falt Irak út it noarden wei oan. Turkije like dêrtroch de Britsk-Amerikaanske ynvaazje te stypjen. Lykwols die Turkije dat út eigen belang sadat de Koerden yn Noard-Irak gjin mooglikheid hienen om in eigen steat út te roppen. Tagelyk krije de Amerikanen stipe fan Koerden by in offensyf út it noarden wei. Op 10 april feroveren Amerikaanske en Koerdyske troepen Kirkoek.
Rigel 33:
Yn it suden begjint it offensyf fan it Britske en Amerikaanske leger op 22 maart. Op 4 april wurdt it fleanfjild fan Bagdad ferovere. Trije dagen letter ride Amerikaanske pânsers sûnder wjerstân troch it sintrum fan Bagdad. Op 9 april wurdt it stândbyld fan Saddam Hoessein omlutsen en dêrmei is de kriich yn Bagdad ta in ein kommen. Op 11 april feroverje koalysjetroepen Mosoel. Op 14 april wurdt Tikrit ynnommen troch de koalysjetroepen, it Pentagon ferklearret de ein fan de kriich. Saddam Hoessein wie op dat stuit noch net fûn.
 
Op 1 maaie 2003 seit [[George W. Bush]] yn in taspraak op in fleandekskip foar it Amerikaanske kustplak [[San Diego]] dat de kriich foarby is.
 
== Besetting sûnt 2003 ==
Rigel 43:
grutte koalysje ûnder lieding fan de sjiïtyske premier Ibrahim Jaafari en de Koerdyske presidint Jalal Talabani. Sy makken in nije grûnwet dy't op 28 augustus 2005 oan it parlemint presintearre waard.
 
Yn 2006 krijt it Iraakske leger mear ferantwurdingferantwurdlikheid. It Iraakske leger krijt dan hieltyd mear provinsjes derby dy't se beskermebeskermje moatte. Op 2 septimber 2006 krijt de Iraakske oerheid de Abu Ghraib-finzenis wer yn behear.
 
De weropbou ferrint neffens it Amerikaanske leger goed. Yn july 2007 kaam de ekonomy wer op gong, sa'n 3.000 fan de likernôch 3.400 projekten fan de ''Iraqi Relief and Reconstruction Fund'' ha se dien. 60 % fan de oannimmers fan de kontrakten wienen Irakezen. Wichtich wie benammen de universele sûnenssoarch en in konstante levering fan elektrisiteit yn Bagdad.
 
Yn febrewaris 2008 hâlde de Amerikaanske televyzjestjoerders ABC mei de BBC, ARD en NHK in enkête ûnder de Irakeze befolkinbefolking. It gong om ferskillende fragen oer de besettingsmacht fan de earste fiif jier nei de ynvaazje. De resultaten waarden ferlike mei de resultaten fan in enkête fan augustus 2007. Dêrby wienen de ienheden fan de Multi-National Force Iraq mar by 26 % fan it folk wolkom. It persintaazje foarstanners om de Feriene Steaten en Feriene Keninkryk bûten de doar te setten ferlege fan 47 nei 38 %. Sa'n 46 % fan de Irakezen tinkt dat it better wurdt mei de feiligens yn Irak, de rest tinkt dat stagnearret of sels minder wurdt.
 
=== Grutte militêre operaasjes ===
*april 2004: ''Operation Vigilant Resolve'' - earste slach by Fallujah
*novimber 2004: ''Operation Phantom Fury'' - twadde slach by Fallujah
*novimber/desimber 2004: ''Operation Plymouth Rock'' - omkriten fan Babil
*maart 2006: ''Operation Swarmer'' - omkriten fan Samarra
*novimber 2006: ''Operation Steel Curtain'' - by de Siryske grins
*maitiid 2007: ''Operation Imposing Law''
*simmer 2007: Slach by Baquba
*juny-augustus 2007: ''Operation Phantom Thunder'' - grut offensyf yn de omkriten fan Babil en Diyala
*simmer 2007 - jannewaris 2008: ''Operation Phantom Strike''
*maitiid 2008: ''Operation Phantom Phoenix''